Raerderhim (Nederlânsk en offisjeel: Rauwerderhem) is in eardere gemeente yn 'e midden fan Fryslân, noardlik fan 'e Snitser Mar. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 in befolking fan 2.925 minsken,, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 59. en besloech in oerflak fan likernôch 35 km².
Skiednis
Raerderhim wie de súdwestpunt fan Eastergoa. Doe't dat bestjoerlik split waard, hearde it by de Leppa, en doe't dy yn trije parten útienfoel wie it in part fan Idaerderadiel. Perslot rekke Idaerderadiel skieden yn parten benoarden en besuden de Boarn, en foar 1500 ûntstie de gritenij Raerderhim. De grytmannen fan Raerderadiel wennen op Jongemastate by Raerd.
By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984, wie it plan om Raerderhim by de nije gemeente Littenseradiel te foegjen, mar úteinlik waard it mei Idaerderadiel en it grutste part fan Utingeradiel gearfoege ta de gemeente Boarnsterhim. By de gemeentlike weryndieling fan 2014 waard Boarnsterhim opheft. De doarpen Raerd, Dearsum, Poppenwier, Sibrandabuorren en Tersoal kamen doe by Súdwest-Fryslân te hearren, wylst Jirnsum oergie nei de gemeente Ljouwert.
Plakken It haadplak wie Raerd, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Dearsum, Jirnsum, Poppenwier, Sibrandabuorren en Tersoal.
Gebiet De noardwestgrins fan Raerderhim wie de De Swette, mei oan de oare kant Baarderadiel. De noardeastgrins wie de âlde rin fan de Boarn, mei deroerhinne Idaarderadiel. De súdeastgrins wie de Nije Wjittering mei derfoarby Utingeradiel. Oan de súdkant wie de Snitser Mar de grins mei Doanjewerstâl, en de grins mei Wymbritseradiel yn it súdwesten waard foarme troch de Sjaardemasleat en de Spearster dyk.
Untwikkeling ynwennertal 1974 - 2.541 1969 - 2.504 1964 - 2.636 1959 - 2.732 1954 - 2.886 1900 - 2.825 1848 - 2.382 1796 - 1.477 1714 - 1.200
Sjoch ek List fan grytmannen fan Raerderhim
Kategory:Boarnsterhim Kategory:Eardere gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1984