Keatsjargon
Alles oan de hang: Stân wêrby mei it folgjende punt de partij beslist wurdt. Balkearder: In keatser sûnder opslach- en perkfunksje. Biltske telling: Telling wêrby it partoer dat as earste 30 punten hellet in partij wint. Ferkeard opslein: Unreglemintêre opslach. Fiif gelyk, seis gelyk: Stân wêrby mei it folgjende punt de partij beslist wurdt. Knapper: In bal dy't mei in want mei in nap útslein wurdt mar net goed yn 'e nap komt Lytse premy: Tredde of fjirde priis Oan west: Of de bal is earst oanrekke troch in meistanner en wurdt dêrnei slein, óf de bal rekket yn 'e flecht in spiler (meistanner as tsjinstanner) oan 'e lea. Oerrinne: By it opslaan de foarste line fan it opslachfak oanreitsje of passearje. Op 'e dea stean: De tsjinstanner hat fiif earsten en seis punten (wedstrydpunt). Op 'e fjouwer of op 'e trije stean: Yn de heale finale stean Premy: twadde priis Priis en premy: "om priis en premy keatse": yn de finale stean Pripper: Opslachbal dy't krekt oer de foarline, of neist de sideline yn it perk komt. Snitser telling: It winnend partoer krijt 7 punten takend, it ferliezend partoer it behelle tal earsten foar en 7 punten tsjin. Spatskerm: (Yllegale) nap yn in keatswant Steand nûmer: Frije tagong nei de foljende omloop as der yn it ferrin fan in keatspartij in ûneven tal partoeren yn de striid is. Switsersk systeem: Skjin earst: In earst dat sûnder tsjinpunten wûn as ferlern wurdt.
Kategory:Keatsjargon