In poppekaartsje is printwurk dêr't in gesin berjocht mei docht fan de berte fan in poppe.

Ynhâld Op in poppekaartsje stiet meast de namme en ropnamme fan de nijkommeling, de nammen fan de âlden, en dy fan de oare bern yn it gesin. Fierders stiet der faak in útnûging te popbesjen te kommen. Oan dy tekst is dan meast in ôfbyld tafoege dy't eat mei in poppe te krijen hat, lykas in widze of in earrebarre. Hjoed de dei is dit ek wolris in foto fan de lytse poppe sels.

Foarbyld 9 moanne moast ik wachtsje mar fan no ôf kinne wei tegearre boartsje tige blier binne wei mei de berte fan LIA SUSKE fan CHRIS dochter fan Rudie en Jikke Jikke en Lia sliepe fan 13.00 oant 15.00 wolle jimme komme om een poppeslokje skilje dan earst efkes Kalkûnen 14 8401 JA DE Gerdyk 0513-462297

Kategory:Namme Kategory:Skriftlike kommunikaasje