De Rykswei, ek A32, is in autosneldyk, fan Meppel oer It Hearrenfean nei Ljouwert.

Skiednis It earste fak dat iepene waard wie 31 desimber 1953 fan Knooppunt It Hearrenfean oant Haskerdiken. Yn de rin fan 50 jierren binne ek de oare parten iepensteld. Yn 2000 waard it Knooppunt It Hearrenfean fan in rotonde feroare yn in klaverblêd.

Knooppunten De A32 begjint by it Knooppunt Lankhorst dêr't er oanslút op de A28 nei it suden, nei Swol. By It Hearrenfean leit tusken ôfslach 12 en 13 it Knooppunt It Hearrenfean, mei ferbining mei de A7, nei De Jouwer en nei Drachten. De A32 einiget by Wurdum, dêr't de wei as de N32 fierder giet nei Ljouwert.

Ofslaggen Meppel-Súd Meppel Meppel-Noard Havelte Havelterberg Stienwyk Stienwyk-Noard Wolvegea Teridzert It Hearrenfean-Súd It Hearrenfean It Hearrenfean-Sintrum Akkrum Grou Reduzum Wurdum

Akwadukten Fan Akkrum nei Grou giet de A32 ûnder twa akwadukten troch. Earst it Leppe-akwadukt foar de Boarn en dan it Akwadukt Mid-Fryslân foar it Prinses Margrietkanaal.

32 32 Kategory:Wei yn Drinte Kategory:Wei yn Oerisel Kategory:Bouwurk út 1953 Kategory:Geografy fan Ljouwert (gemeente) Kategory:Geografy fan Ljouwerteradiel (Sudertrimdiel) Kategory:Geografy fan Idaerderadiel Kategory:Geografy fan Utingeradiel Kategory:Geografy fan Boarnsterhim Kategory:Geografy fan It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Geografy fan Weststellingwerf