East-Dongeradiel, ek stavere as Eastdongeradiel (Nederlânsk en offisjeel: Oostdongeradeel) wie in eardere gemeente yn it Noardeasten fan Fryslân, mei 6.367 ynwenners (1 jannewaris 1981),, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 53. en mei in oerflak fan likernôch 99 km².
Skiednis It oarspronklike Dongeradiel, rekke yn de 14e en 15e iuw opspjalten yn Dongeradiel by de eastside fan de Peazens (of Donger), en Dongeradiel by de westside fan de Peazens. Tsjin 1500 wienen dy twa siden ta de aparte gritenijen East-Dongeradiel en West-Dongeradiel wurden.
By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984, waard Eest-Dongeradiel, mei West-Dongeradiel en Dokkum wer gearfoege ta ien gemeente Dongeradiel. Op 1 jannewaris 2019 gie Dongerdiel mei de buorgemeenten Ferwerderadiel en Kollumerlân op syn beurt op yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân. thumb|left|Eastdongeradiel, Schotanus/Halmakaart 1718
Plakken It haadplak wie Mitselwier, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Ealsum, Eanjum, Easternijtsjerk, Eastrum, Ie, Ingwierrum, Jouswier, Ljussens, Moarre, Nijewier, Peazens en Wetsens.
Ek it buorskip Bollingwier hearde ta East-Dongeradiel.
Gebiet De grins fan East-Dongeradiel waard yn it noarden foarme troch de Waadsee. Yn it easten waard de gemeente beheind troch de Lauwerssee, en letter de Lauwersmar, mei oan de oare kant Grinslân. Yn it suden waard de gemeente beheind troch Dokkum en troch it Dokkumer Djip mei it Alddjip, mei dêroerhinne Dantumadiel en Kollumerlân. Yn it westen wie de Peazens mei de Alde Peazens de grins, mei dêroerhinnne West-Dongeradiel.
Untwikkeling ynwennertal 1981 - 6.367 1973 - 6.502 1969 - 7.014 1964 - 7.478 1959 - 7.769 1954 - 8.474 1939 - 7.449 1900 - 7.969 1860 - 7.329 1714 - 2.997
Kategory:Dongeradiel Kategory:Eardere gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1984