De Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân (ELF) stelt him ta doel om klassike literêre wurken yn it Frysk foar in grut publyk beskikber te meitsjen. Dat wurdt neistribbe troch publikaasje yn boekfoarm en op ynternet. ELF publisearret likegoed oarspronklik Frysktalich wurk as oersettingen út oare talen. Foarsitter fan de stifting is Eric Hoekstra.

ELF publisearre de folgjende wurken: 1993 – Béatrys (nei anonimus, Beatrijs), fert. Klaas Bruinsma (útjûn y.g.m. Utjouwerij Frysk en Frij) 1994 – Karel en Elegast (nei anonimus, Karel ende Elegast), fert. Klaas Bruinsma (útjûn y.g.m. Utjouwerij Frysk en Frij) 1998 – Maaie (nei Herman Gorter, Mei), fert. Klaas Bruinsma (y.g.m. Utjouwerij Frysk en Frij; werútjefte y.g.m. Utjouwerij Elikser) 2001 – Fersen fan Minne (nei Hadewych, Strofische Gedichten), fert. Klaas Bruinsma (útjûn y.g.m. Utjouwerij Frysk en Frij) 2001 – Hear Gawain en de Griene Ridder (nei anonimus, Sir Gawayne and the Grene Knyght), fert. Klaas Bruinsma (útjûn y.g.m. Utjouwerij Frysk en Frij) 2001 – De Lof fan de Healwizens (nei Desidearius Erasmus, Moriae Encomium), fert. Piter Wibertus Brouwer 2002 – Utopia (nei Thomas More, Utopia), fert. Piter Wibertus Brouwer 2003 – Kening Lear (nei William Shakespeare, King Lear), fert. Douwe Kalma (werútjefte; útjûn y.g.m. Utjouwerij Bornmeer) 2005 – Sonnetten (nei William Shakespeare, Shakespeare's Sonnets), fert. Douwe Kalma (werútjefte; útjûn y.g.m. Utjouwerij Bornmeer) 2005 – De Fizioenen fan Mary (nei Dean Koontz, The Vision), fert. Henk Wolf 2007 – Dat Sei Zarathustra (nei Friedrich Nietzsche, Also Sprach Zarathustra), fert. Eric Hoekstra 2007 – Oarekant Goed en Kwea (nei Friedrich Nietzsche, Jenseits von Gut und Böse), fert. Eric Hoekstra 2007 – Trije Komeedzjes: In Komeedzje Fol Fersinnen / Leafde's Lêst Net Leanne / De Twa Eallju fan Verona (nei William Shakespeare, The Comedy of Errors / Love's Labour's Lost / The Two Gentlemen of Verona), fert. Douwe Kalma (werútjefte; útjûn y.g.m. Utjouwerij Bornmeer) 2008 – De Godlike Komeedzje (nei Dante Alighieri, La Divina Commedia), fert. Piter Wibertus Brouwer 2009 – Marike fan Nijmegen (nei anonimus, Mariken van Nieumeghen) en Elkenien (nei anonimus, Elckerlijc), fert. Klaas Bruinsma (útjûn y.g.m. Utjouwerij Elikser)

Keppeling om utens Offisjele webside fan de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân

Kategory:Fryske útjouwerij Kategory:Frysk Kategory:Fryske stifting Kategory:Fryske kulturele organisaasje Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1993 Kategory:Organisaasje opheft yn 2009 Kategory:Organisaasje yn Ljouwert