Samuel Barclay Beckett (Foxrock, Dublin, 13 april 1906 — Parys, 22 desimber 1989) wie in Ierske skriuwer en dichter en waard nei't er sels sei berne op 13 april 1906, al stie der 13 maaie yn syn bertebewiis. Hy hat lykwols altyd folhâlden dat hy op Goed Freed de 13e april berne wie. Hy ferstoar op 22 desimber 1989.
Libben en wurk Beckett studearre Frânsk, Italjaansk en Ingelsk oan it Trinity College yn Dublin fan 1923 oant 1927. Koart dêrnei waard hy oannommen as learaar yn Parys. Dêr soe hy James Joyce moetsje, dy't in enoarme ynfloed op him hie. Beckett skreau syn eigen ferhalen, wylst er tagelyk siktaris fan Joyce wie. Yn 1929 ferskynde syn earste wurk, in kritysk essay dat Joyce syn wurk yn beskerming naam. Syn earste koarte ferhaal, Assumption, waard yn datselde jier útbrocht. Yn 1930 wûn hy in lytse literatuerpriis mei syn gedicht Whoroscope, dat benammen oer René Descartes giet, in oare grutte beynfloeder fan syn skriuwen.
Yn 1930 gie Samuel Becket werom nei Ierlân, dêr't hy oan it Trinity College wurke. Nei 2 jier sette er wer ôf om troch Europa te reizgjen om. Hy bedarre wer yn Frankryk, en sette him dêr nei wenjen. Hy publisearre dêr in krityske stúdzje fan it wurk fan Marcel Proust.
Hy besocht in boek yn de styl fan James Joyce te skriuwen, mar it waard letter útjûn as in searje koarte ferhalen: More Pricks than Kicks. Der wurdt wol sein dat elts fan dy ferhalen in parody is op Joyce syn ferhalen yn Dubliners. Dernei ferskynde de roman Murphy.
Syn as 'de trilogy' bekend steande boeken binne it meast bekend. Beckett skreau de boeken yn it Frânsk, en sette se letter oer nei it Ingelsk: Molloy (1951, Ingelsk 1955), Malone meurt/Malone Dies (1951, Ingelsk 1956) en L’Innommable/The Unnamable (1953, Ingelsk 1958). De iepeningssin fan it lêste boek yn dy rige giet as folget, en is typysk foar de styl fan Becket (Ingelsk):
"Where now? Who now? When now? Unquestioning. I, say I. Unbelieving. Questions, hypotheses, call them that. Keep going, going on, call that going, call that on."
Wrâldferneamd is Beckett wurden troch it toanielstik Waiting for Godot, earst yn it Frânsk ferskynd yn 1952 ûnder de titel En attendant Godot, yn 1955 kaam de Ingelske oersetting. Der bart suver neat yn it stik. Yn it begjin krige it dan ek minne kritiken, mar geandewei waard it stik populêr. Itselde jildt foar it stik Endgame.
Omdat syn stikken fan nei 1947 suver allegear yn it Frânsk skreaun binne, wurdt hy tegearre mei Ionesco sjoen as de bêste Frânske toanielskriuwers fan de tweintichste iuw. It oersetten fan syn wurk nei it Ingelsk die Becket sels.
De teaterstikken dy't hy skreaun hat binne it bêst te typearjen as keal, minimalistysk en djip, djip pessimistysk oer de natuer fan de minske en de minsklike sitewaasje.
Samuel Beckett krige yn 1969 de Nobelpriis foar de Literatuer.
Bibliografy Toanielstikken Samle yn The Complete Dramatic Works (1986), ISBN 0-571-14486-1
Wachtsje op Godot, 1955 Allegearre dy't falle, 1957 Acts Without Words I, 1958 Acts Without Words II, 1959 Krapp's Last Tape, 1958, (deel 1; mp3; 28,3 MB en deel 2; mp3; 29,4 MB) Endgame, 1958 Embers, 1959 Happy Days, 1961 Words and Music, 1962 (mp3; 13,8 MB) Cascando, 1963 (mp3; 9,7 MB) Play, 1963 The Old Tune, 1963 Come and Go, 1966 Film, 1967 (mpg; 170 MB) Eh Joe, 1967 Breath, 1970 Rough for Theatre I, 1976 Rough for Theatre II, 1976 Rough for Radio I, 1976 Rough for Radio II, 1976 Not I, 1976 That Time, 1976 Footfalls, 1976 Ghost Trio, 1976 ... but the clouds ..., 1977 A Piece of Monologue, 1979 Rockaby, 1982 Ohio Impromptu, 1982 Quad, 1984 Catastrophe, 1984 Nacht und Träume, 1984 What Where, 1984
Koarte ferhalen Samle yn The Complete Short Prose, 1929-1989, 1995, ISBN 0-8021-3490-4
Assumption, 1929 Sedendo et Quiescendo, 1932 Text, 1932 A Case in a Thousand, 1934 First Love, 1946 The Expelled, 1946 The Calmative, 1946 The End, 1946 The Capital of the Ruins, 1946 Texts for Nothing, 1950-1952 (#8; mp3; 3,7 MB) From an Abandoned Work, 1954-1955 The Image, 1956 All Strange Away, 1963-1964 Imagination Dead Imagine, 1965 Enough, 1965 Faux Départs, 1965 Ping, 1966 Lessness, 1969 The Lost Ones, 1966/1970 Fizzles, 1973-1975 Heard in the Dark 1 Heard in the Dark 2 One Evening As the story was told, 1973 Sound, 1973 Still 3, 1973 The Cliff, 1975 neither, 1976 Stirrings Still, 1988
Novelles en romans Dream of Fair to Middling Women (skreaun yn 1932, publisearre yn 1993) (Nederlânske oersetting: Droom van matig tot mooie vrouwen) Murphy (1938) Molloy (1951) Malone meurt (1951) L'Innommable (1953) Watt (1953) Worstward Ho'' (1983)
Sjoch ek Le Monde's 100 boeken fan de iuw
Kategory:Iersk romanskriuwer Kategory:Iersk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Iersk toanielskriuwer Kategory:Iersk dichter Kategory:Iersk oersetter Kategory:Iersk toanielregisseur Kategory:Frânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1989