Op 4 augustus 2004 waard yn Frjentsjer de 151e edysje fan de PC ferkeatst. Bysûnder oan de PC fan 2004 wie dat de as heech favoryt bestimpele partoeren fan Klaas Berkepas en Rutmer van der Meer fuort yn de earste omloop tsjin elkoar moasten. Neffens guon hie dat de ideale finalepartij west. Se soene lykwols beide de finale net helje. It entûsjaste partoer fan Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger, op dat stuit gewoanwei stridend yn 'e 1e klasse, wie de ferrassende, mar neffens kenners fertsjinne winner fan de PC fan 2004. Daniël Iseger waard útroppen ta kening fan de partij. Hy krige 8 stimmen fan de keningskommisje (Abma krige 7 en Scharringa 3 stimmen). Ferliezend finalist wie it partoer fan Klaas Anne Terpstra, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendijk. De einstân yn de finale wie 3-5 (6-6). De partij waard ferkeatst by sierlik simmerwaar mei temperaturen boppe de 25 graden.

Op de dielnimmerslist fan 16 partoeren stiene mar leafst 15 keatsers dy't de PC op syn minst al ien kear wûn hiene. Der wiene 10 debutanten.

De PC fan 2004 waard troch de parse, kommisje en de KNKB presintearre as de 151e PC, mar omdat de partij 4 kear net trochgien is, wie it de 147e edysje fan it âldste organisearre sportbarren yn Nederlân.

Earste list nû. partoer útslach nû. partoer1Johan AbmaPieter ScharringaDaniël Iseger 5-2 6-62René JanseDurk van der MeerAndré Iedema3Simon MinnesmaKarel NijmanFolkert van der Wei3-5 6-64Johanns DijkstraHerman SprikArie den Breejen5Jochum BoumaKor ZittemaTaeke Triemstra5-3 6-66Johan MeirinkMichel van der VeenPier Piersma7Mannus van WeertGerrit C. BijlsmaHendrik de Jong3-5 6-68Erik SeerdenRenze Pieter HiemstraWillem Rienks9Klaas BerkepasDirk-Jan van der WoudAuke van der Graaf5-5 2-610Rutmer van der MeerAndré KuipersChris Wassenaar11Johan van der MeulenJacob WassenaarCornelis Terpstra5-2 6-612Pieter BakkerPeter DijkstraMarten Hiemstra13Yde Klaas DijkstraBauke van der GraafPieter Tienstra3-5 2-614Sibbele LootsmaTjitte BonnemaMarten Feenstra15Klaas Anne TerpstraJan Willem van BeemDouwe Groenendijk 5-2 6-016Robert RiniaHenk VlietstraGerrit Flisijn

Twadde list nû. partoer útslach nû. partoer1Johan AbmaPieter ScharringaDaniël Iseger 5-1 6-24Johanns DijkstraHerman SprikArie den Breejen5Jochum BoumaKor ZittemaTaeke Triemstra 5-3 6-48Erik SeerdenRenze Pieter HiemstraWillem Rienks10Rutmer van der MeerAndré KuipersChris Wassenaar 2-5 2-611Johan van der MeulenJacob WassenaarCornelis Terpstra14Sibbele LootsmaTjitte BonnemaMarten Feenstra0-5 4-615Klaas Anne TerpstraJan Willem van BeemDouwe Groenendijk

Heale finale nû. partoer útslach nû. partoer1Johan AbmaPieter ScharringaDaniël Iseger 5-2 6-2 5Jochum BoumaKor ZittemaTaeke Triemstra11Johan van der MeulenJacob WassenaarCornelis Terpstra2-5 2-615Klaas Anne TerpstraJan Willem van BeemDouwe Groenendijk

Finale nû. partoer útslach nû. partoer1Johan AbmaPieter ScharringaDaniël Iseger 5-3 6-615Klaas Anne TerpstraJan Willem van BeemDouwe Groenendijk

Kening PC 2004 Daniël Iseger

2004 Kategory:Barren yn 2004