De Ald-Meiers Partij is in keatswedstryd dy't alle jierren op 'e earste sneon fan augustus holden wurdt yn it Fryske doarp Hitsum. Der kinne allinne partoeren oan meidwaan dy't besteane út famkes yn 'e leeftyd fan 14 oant en mei 16 jier. Dêrmei is de Ald-Meiers Partij de froulike wjergader fan 'e Freulepartij yn Wommels. De wedstryd waard yn 2000 foar it earst holden en de organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Hitsumer Keatsferiening De Iendracht. Yn 2019 wurdt it tweintichjierrich jubileum fan it evenemint fierd.
Skiednis De grûnslach foar de oprjochting fan 'e Ald-Meiers Partij waard yn 1997 lein troch in keatsdemonstraasje dy't troch Keatsferiening De Iendracht organisearre waard op Westerhitsum, ta gelegenheid fan 'e famyljereüny fan it laach Winsemius. Dy famylje hat nammentlik syn woartels yn Hitsum. Om dyselde tiid hinne waard it frouljuskeatsen hieltyd wichtiger, en yn Hitsum wie dêr mear oandacht foar as yn 'e measte Fryske doarpen, om't Hitsum krekt in hiel sterk frouljuspartoer hie. Sadwaande bestie der al in idee foar de oprjochting fan in wedstryd foar famkes as tsjinfuotter fan wat de Freulepartij yn Wommels foar jonges is. Troch yntinsive gearwurking mei de eardere minister fan Miljeu Pieter Winsemius slagge it De Iendracht om sa'n wedstryd yndie fan 'e grûn te krijen. De earste edysje fan 'e Ald-Meiers Partij waard op 5 augustus 2000 ferkeatst.
Dielname Dielname oan 'e Ald-Meiers Partij stiet iepen foar famkespartoeren fan alle by it KNKB oansletten keatsferienings. Eltse feriening mei ien partoer foar dizze partij ynskriuwe. Keatsters dy't de wedstryd al in kear wûn hawwe, meie net wer meidwaan. De regels foar dielname binne dêrmei fierhinne gelyk oan dy fan 'e Freulepartij yn Wommels.
Tradysjes Mei it doel in toppartij te organisearjen is de Ald-Meiers Partij opset as in wedstryd mei tradysjes.
It lotsjen wurdt de deis tefoaren holden yn it doarpshûs fan Hitsum, en it wurdt dien troch de keninginne fan 'e Frouljus-PC fan in jier earder. Op 'e dei fan 'e partij komme de ferienings mei harren findels yn Hitsum. Se geane yn optocht nei it fjild, dêr't de spylsters foar de partij oan it publyk foarsteld wurde.
De winneressen winne klokjes, mei gouden klokjes foar de earste priis. De wikselpriis is de 'Sulveren Pong', oanbean troch de famyljes Winsemius en Fockema Adreae, neikommelingen fan twa meiers yn Hitzum. Dat is ek wêr't de namme fan 'e partij weikomt. De priis stelt in ponge foar sa't de meiers dy brûkten as se de hier betelje moasten. Ynsafier mooglik wurdt de útrikking fan 'e prizen ferrjochte troch in spesjale gast en de frou fan 'e kommissaris fan de Kening. Ta einbeslút wurde de winneressen troch it doarp riden yn in iepen reau lutsen troch Fryske hynders.
Status Mei dizze opset is de Ald-Meiers Partij gau in wichtige partij yn it frouljuskeatsen wurden. Sadwaande wurdt de ôfdielingspartij fan Skettens sûnt 2002 oantsjut as de 'Revâns Ald-Meiers Partij'. De Ald-Meiers Partij heart mei de Jong Famme Partij yn Mantgum, de Frouljus-PC yn Weidum en it NK Dames fan it KNKB ta de wedstriden dy't meitelle foar de 'Fjouwer Wimpels' fan it frouljuskeatsen.
Winneressen fan 'e Ald-Meiers Partij Hjirûnder in list mei de winneressen fan 'e Ald-Meiers Partij.List mei winneressens fan 'e Ald-Meiers Partij. jierplakkeatsters 2000 Boalsert Fenna ZeinstraLeonie Zeinstra as in twafammepartoer 2001 Hallum Nynke PonneJanke StienstraJindra ten Kate 2002 Minnertsgea Esther GroeneveldJannine KlaverMaaike Joostema 2003 Ie Klaske de JongSjoukje VisserAukje van Kuiken 2004 Penjum Marieke de JongMaaike OsingaMaaike Wind 2005 Boalsert Melissa van der WeiAfke WalstraFeikje Bouwhuis 2006 Goaiïngea Wiljo SybrandyMarije vd Meeras in twafammepartoer 2007 Easterein Jildou JorritsmaMarije HiemstraAnke Marije Pompstra 2008 Frjentsjer Manon ScheepstraRianne VellingaMarit Kuperus 2009 Frjentsjer Joukje SalverdaLisanne MoraalIris van der Veen 2010 Grou Renske KalsbeekMarte AltenburgNynke Sinnema 2011 Easterein Tineke DijkstraMartine TiemersmaJelien Pompstra 2012 Minnertsgea Nieke WatelerJildou van DijkLusanne Klaver 2013 Peins Hiske Zeinstra Marrit ZeinstraLeentsje Bootsma 2014 Wommels Hedwich de Boer Martzen DeinumSjanet Wijnia 2015 Makkum Boukje-Ellen Bosma Lobke Vlasbloem Kim Dijkstra 2016 Wytmarsum Sjoukje Stuiver Selma van der Molen Anneke Smid 2017 Easterein Roelie Kroondijk Selma de Boer Jeska Terpstra 2018 Makkum Anouk SminkLarissa SminkChantal de Witte 2019 Warkum Nynke KuipersNaomi WiersmaGerde Lycklama à Nijeholt 2020 oergien fanwegen de koroanafiruspandemy 2021 Boalsert Noa ElzingaRixt BlankeInge Blanke 2022 Dronryp Iris VeltmanLisanne ScharringaSenne Idsardi 2023 Lollum-Waaksens Britt JoustraLisanne VenemaJeldau Koopmans 2024 Balk Maren de VriesBrecht RenemaHendrika Stegenga 2025 Sint-Anne Aischa MahmoudSophie KroondijkNoëlle Hiddinga
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Ald-Meiers Partij
Kategory:Hitsum Kategory:Keatspartij Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 2000