thumb|Piter Jelles Troelstra lofts mei Hjalmar Branting yn 1917 Piter Jelles Troelstra (20 april 1860, Ljouwert - 12 maaie 1930, De Haach) is bekend wurden as sosjalistysk politikus dy't yn 1918, yn neifolging fan de Russyske revolúsje, yn Nederlân de sosjalistyske revolúsje útrôp. Dêrnjonken hat Troelstra yn Fryslân as Piter Jelles namme makke as dichter en skriuwer.

Biografy

Jeugd thumb|Piter Jelles Troelstra mei Sjoukje Bokma de Boer Troelstra is berne op 20 april 1860 yn Ljouwert. Fan 1868 oant 1875 hat er yn Stiens wenne. Syn heit, Jelle Troelstra sr., wie dêr doe ûntfanger fan de belestings. Piter Jelles hat syn foarming yn Stiens krige, foaral troch de ynfloed fan syn mem. Syn libben lang hat Piter Jelles dan ek in bân mei Stiens field.

Yn middelbere-skoalletiid wie Troelstra al in fel strider en organisator en bliek er ek literêre jeften te hawwen. Hy kaam yn kontakt mei skriuwers as Tsjalling Halbertsma en Onno Harmens Sytstra. Mei dy lêste redigearre hy yn 1881 de dichtbondel It jonge Fryslân. Mei Oebele Stellingwerf sette hy it toanielselskip Gysbert Japiks op.

As studint Fan 1882 oant 1888 studearre Troelstra rjochten yn Grins. Syn literêre aktiviteiten sette hy troch. Hy siet yn de redaksje fan it literêre tydskrift For hûs en hiem en fan it Nij Frysk lieteboek, dat yn 1886 ferskynde. Tagelyk ûntwikkele Troelstra him mear en mear as polityk strider, sawol yn de Fryske beweging as yn de sosjalistyske.

Yn 1888 troude Troelstra mei Sjoukje Bokma de Boer, dy't ûnder it pseudonym Nynke fan Hichtum bekend wurden is as berneboekeskriuwster. It pearke krige twa bern, Dieuwke en Jelle.

Polityk thumb|Troelstra by in gearkomste Nei syn stúdzjetiid fêstige Troelstra him as advokaat yn Ljouwert. Hy waard yn 1890 lid fan de Fryske Folkspartij, mar kaam nei in lange twastriid ta de konklúzje him alhiel oan de sosjalistyske beweging te wijen. Hy ferhuze yn 1893 nei Hollân. Yn 1894 stie Piter Jelles Troelstra mei in tal oaren ('de tolve apostels') oan de widze fan de Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij (SDAP) en yn 1897 kaam hy foar dy partij yn de Twadde Keamer. Dêr toande hy him in fûleindich anti-monargist. Hy hope dat de monargy mei Wilhelmina útstjerre soe. Doe't yn 1909 de lettere keninginne Juliana berne waard seach er syn hope op in republyk yn reek opgean. Hy begûn him wer oan de literatuer te wijen en publisearre yn datselde jier syn ferneamde dichtbondel Rispinge, in bondel dy't yn in tiid fan moralistyske dichtkeunst opfoel troch de iepenens en it persoanlike karakter fan de fersen.

Net allinne troch syn politike aktiviteiten, mar ek troch syn rol as advokaat fan de bruorren Hogerhuis (de Hogerhuissaak) waard Troelstra nei 1897 ferneamd yn hiel Nederlân. It proses tsjin de trije fan in rôfoerfal beskuldige bruorren, dy't altyd folhâlden hawwe ûnskuldich te wêzen, krige yn dy tiid in protte omtinken en waard yn de sosjalistyske beweging sjoen as ûnsoarchfâldich.

It houlik tusken Piter Jelles Troelstra en Sjoukje Bokma de Boer rûn nei ferrin fan tiid op 'e non en waard yn 1907 offisjeel ûntbûn, wêrnei't Troelstra op 'e nij troude, mei Sjoukje Oosterbaan.

Troelstra's "fersin"

Nei it útbrekken fan de Russyske en Dútske revolúsjes yn 1917 en 1918, seach Troelstra kânsen om de Nederlânske befolking yn 1918 ta in sosjalistyske revolúsje oer te heljen. Lykwols waard oan syn oprop suver gjin gehoar jûn en dizze episoade stiet dêrom ek wol bekind as 'Troelstra's fersin' ('Troelstra's vergissing'). Foar Troelstra wie dat misleare fan syn revolúsje in grutte teloarstelling en hy hat him dêrnei stikje by bytsje tebek lutsen út de polityk. Yn de lêste jierren fan syn libben skreaun hy ûnder de titel Gedenkschriften syn memoares. Op 12 maaie 1930 is er yn De Haach ferstoarn.

Neitins thumb|It monumint foar Piter Jelles yn Stiens thumb|Troelstra yn Leien Nei syn dea yn 1930 waard yn Stiens besletten om de âlddoarpsgenoat mei in monumint te betinken. Dit monumint, troch Tjipke Visser, is der yn 1933 kommen, hoeke Langebuorren - It Achterbosk. Dat koe mei stipe fan leden fan de Fryske beweging, ek fan harren dy’t har yn politike sin gjin geastferwant fan Troelstra fielden. It is dan ek foaral in earbetoan wurden oan de dichter en skriuwer Piter Jelles. Op it monumint stiet: Oan de neitins fen Piter Jelles - Frysk dichter en skriuwer - Fen de Friezen 20-4-1933. De strjitte dêr't er yn Stiens wenne hat, hjit no Piter Jellessingel.

Neist de Piter Jellespriis, is ek iepenbiere skoallemienskip Piter Jelles, yn Ljouwert en omkriten, neamd nei Troelstra.

Bibliografy 1881: Fryske Brilloftswille 1881: Oan 'e Sédyk 1881: Wiersizzer fan âlde Foekje fan Heech 1881: It jonge Fryslân 1885: Fij, Lútsen! 1886: Nei de Stoarm 1886: Nij Frysk Lieteboek 1909: Rispinge 1910: Fen Liet en Libben 1930: Gedenkschriften

Priis Yn 1973 eare de gemeente Ljouwert Troelstra troch in nije literatuerpriis, de Piter Jellespriis, nei him te ferneamen.

Keppeling om utens Piter Jelles Troelstra yn de kanon fan de Fryske skiednis Parlemint.com - biografy Biografysk Wurdboek fan it Sosjalisme - biografy VPRO - Geschiedenis Andere Tijden: Troelstra's trageedzje Johan Frieswijk oer Piter jelles

Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk polityk aktivist Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk revolúsjonêr Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk frijmitselder Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk polityk aktivist Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:SDAP-politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk revolúsjonêr Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk lietsjeskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk frijmitselder Kategory:Nederlânsk republikein Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1860 Kategory:Persoan stoarn yn 1930