De Fryske Beweging is de sammelnamme foar it histoaryske en hjoeddeistige stribjen fan persoanen, ferienings en ynstellingen dy't har ynsette foar de Fryske taal, kultuer en identiteit en foar in eigen plak fan Fryslân binnen de Nederlânske steat en it bredere Fryske taalgebiet. De beweging hat nea ien organisaasje of ien fêste ideology foarme. Har doelen rûnen yn de rin fan de tiid útinoar fan it befoarderjen fan Fryske literatuer en taalûndersyk oant it brûken fan it Frysk yn ûnderwiis, bestjoer, rjochtspraak, tsjerke en media. By in part fan de beweging kamen dêr ideeën oer desintralisaasje, federalisme, Frysk selsbestjoer of, yn lytsere fermiddens, politike ûnôfhinklikens by.

De kulturele woartels fan de beweging wurde al yn de 17e iuw socht, doe't skriuwers en gelearden as Gysbert Japiks en Simon Abbes Gabbema it Frysk bewust as skriuw- en kultuertaal brûkten en bestudearren. Fan in duorsum organisearre beweging wie lykwols pas yn de 19e iuw sprake. Mei de oprjochting fan it Frysk Genoatskip yn 1827 en it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse yn 1844 krige it Fryske kulturele stribjen in fêste organisatoaryske foarm. Yn de rin fan de njoggentjinde en tweintichste iuw ferbrede dat stribjen him fan taal, literatuer en skiednis nei ûnderwiis, maatskiplike emansipaasje en polityk.

Om 1900 hinne rekke de beweging hieltyd mear ferdield oer religieuze, politike en generasjonele linen. Der ûntstiene protestantske, roomske, studinte- en jongereinorganisaasjes en mei de Jongfryske Mienskip fan Douwe Kalma krige it Fryske stribjen in sterker kultureel-nasjonale en ynternasjonale oriïntaasje. Tagelyk waarden de kontakten mei East- en Noard-Friezen yntinsiver en ûntstie in organisearre ynterfryske gearwurking. Yn it ynterbellum krigen ek ideeën oer Frysk selsbestjoer en politike autonomy mear omtinken. De opkomst fan it nasjonaalsosjalisme en de Dútske besetting brochten djippe ideologyske tsjinstellingen binnen de beweging oan it ljocht.

Nei de Twadde Wrâldkriich ferskode it swiertepunt stadichoan fan kulturele mobilisaasje nei konkrete taalrjochten en oerheidsbelied. De yn 1945 oprjochte Ried fan de Fryske Beweging brocht in grut tal Fryske organisaasjes byinoar. Kneppelfreed yn 1951 waard in kearpunt yn de taalstriid en droech by oan de wetlike erkenning fan it Frysk yn ûnderwiis en rjochtspraak yn de jierren fyftich. Yn de desennia dêrnei krige it Frysk ek in sterker plak yn bestjoer en media, wylst mei de Fryske Nasjonale Partij in aparte politike streaming ûntstie. Tagelyk bleau der in aksjefierende flank bestean dy't mei demonstraasjes, plaknamme-aksjes en oare foarmen fan direkte aksje druk útoefene.

Fan de lêste desennia fan de tweintichste iuw ôf waarden in protte eardere doelen fan de Fryske Beweging yn wetten en profesjonele ynstellingen ferankere. De Afûk, Fryske Akademy, Omrop Fryslân, oerheden en ûnderwiisynstellingen namen taken oer dy't earder foar in grut part troch frijwillige bewegingsorganisaasjes útfierd waarden. Ynternasjonale ferdraggen joegen it Frysk beskerming as minderheidstaal en sûnt 2014 binne it Frysk en it Nederlânsk by wet erkend as de twa offisjele talen fan de provinsje Fryslân.

De hjoeddeistige Fryske Beweging hat dêrtroch minder as earder it karakter fan ien organisearre massabeweging. It Fryske stribjen is ferspraat oer politike partijen, taal- en kultuerynstellingen, oerheden, ûnderwiis, media, aksjegroepen en yndividuele taalaktivisten. De klam leit net mear allinnich op de formele erkenning fan it Frysk, mar hieltyd mear op it feitlike brûken en trochjaan fan de taal yn ûnderwiis, bestjoer, maatskiplik libben en nije digitale domeinen.

It begjin (17e-18e iuw) thumb|Gysbert Japiks troch Matthijs Harings. Hoewol't der yn de 17e iuw noch gjin organisearre Fryske Beweging yn de lettere betsjutting bestie, wie der wol in lytse rûnte fan skriuwers, gelearden, útjouwers en bestjoerders dy't it Frysk as skriuw- en kultuertaal brûkten of de bestudearring dêrfan stimulearren. Kultuerhistoarisy Willem Frijhoff en Marijke Spies sprekke foar de jierren om 1640 sels fan in Frysk-literêre beweging, dy't ferbûn wie mei de rûnten om it Fryske stedhâlderlike hof yn Ljouwert. Neffens harren spilen sawol it hof as de regionale boargerlike elite in rol yn it ûntwikkeljen fan in eigen Fryske identiteit njonken de dominante Hollânske kultuer.Willem Frijhoff en Marijke Spies, 1650. Bevochten eendracht, 2e printinge, Sdu Uitgevers, De Haach 2000, s. 230–231. ISBN 90-12-08721-3.

Yn dat fermidden krige it wurk fan Gysbert Japiks (1603–1666) syn plak. Syn earste printe Fryske wurk, de Friessche Tjerne, waard yn 1640 útjûn troch de Ljouwerter printer en útjouwer Claude Fonteyne. It is net bekend wêrom't Japiks, dy't earder ek yn it Nederlânsk skreau, foar it Frysk keas; yn de literatuerskiednis wurdt as mooglikheid neamd dat Fonteyne him dêrta oantrune hat. It súkses fan de Tjerne hat yn alle gefallen bydroegen oan Japiks syn kar om fierder yn it Frysk te skriuwen.Teake Oppewal e.o. (red.), Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur, Bert Bakker, Amsterdam 2006, s. 36–38. Fonteyne brocht Japiks ek yn kontakt mei de artistike kultuer om it Fryske hof hinne.Ph.H. Breuker, besprutsen yn Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde, jrg. 108 (1992), s. 69; sjoch ek Oppewal e.o., Zolang de wind van de wolken waait, s. 37–38. thumb|left|Simon Abbes Gabbema kin beskôge wurde as in iere foarrinner fan de Fryske Beweging, dy't as gelearde, skiedskriuwer en útjouwer it Frysk as literêre en histoaryske kultuertaal befoardere. Fan grut belang wie fierder de gelearde en dichter Simon Abbes Gabbema (1628–1688). Dy socht yn 1654 kontakt mei Japiks en behelle him yn syn rûnte fan dichters en gelearden.Teake Oppewal e.o. (red.), Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur, Bert Bakker, Amsterdam 2006, s. 37. Gabbema waard yn 1659 beneamd ta lânskipskiedskriuwer fan Fryslân. Yn syn wurk wiene de Fryske taal en de Fryske âldheid nau mei de eigentiidske Fryske identiteit ferbûn. Yn 1681 besoarge er in útwreide twadde printinge fan Japiks syn Friesche Rymlerye. Dêryn naam hy net allinnich noch net earder printe wurk en brieven fan Japiks op, mar ek in Fryske grammatika, in ferhanneling oer Fryske lettertekens en Aldfryske teksten. Dêrmei waard it Frysk net allinnich as literêre taal, mar ek as objekt fan taalkundige en histoaryske stúdzje presintearre.Karel Porteman en Mieke B. Smits-Veldt, Een nieuw vaderland voor de muzen. Geschiedenis van de Nederlandse literatuur 1560–1700, Bert Bakker, Amsterdam 2008, s. 513. ISBN 978-90-351-3029-6.

Om Gabbema hinne stiene ek oare foaroansteande Friezen dy't yn it foarwurk fan de Friesche Rymlerye foar de Fryske taal opkamen. Isaac de Schepper (1638–1688), sekretaris fan de Steaten fan Fryslân en letter grytman fan Achtkarspelen, wie in goede freon fan Gabbema. Yn syn lofgedicht by de útjefte fan 1681 ferbûn er de Fryske memmetaal mei de tradisjonele Fryske frijheid en stelde er dat Japiks de ferwaarleazge taal wer ta bloei brocht hie.Isaac de Schepper, “Isaac de Schepper, Grietman over Acht Karspelen, Wenscht geluk ende heil aan sijn vrund Simon Abbes Gabbema”, yn: Gysbert Japicx, Friesche rymlerye, Ljouwert 1681, s. XVII–XIX. Ek de dichter Adriaan Tymens priizge yn itselde foarwurk de Fryske spraak-kunst en Gabbema syn krewearjen om it wurk fan Japiks op 'e nij ûnder de oandacht te bringen.Adriaan Tymens, “Op de Friesche Rymeleryen”, yn: Gysbert Japicx, Friesche rymlerye, Ljouwert 1681, s. XX. It gie hjir noch net om in organisearre taalbeweging, mar wol om in gelearde en literêre rûnte dêr't it Frysk bewust kulturele en histoaryske wearde takend waard.

Dy belangstelling ferdwûn nei de dea fan Gabbema net hielendal. De taalkundige en skoalrektor Johannes Hilarides (1649–1725) skreau sawol yn it Frysk as yn it Hylpersk en hold him mei de Fryske taal en har dialekten dwaande. Yn 1687 skreau er in Frysk fers ûnder in nij portret fan Gysbert Japiks, en yn 1687–1688 makke er oanfollingen op in samling Fryske sprekwurden fan Gabbema. Yn syn net printe Naamspooringen van het platte Friesch bestudearre er de Fryske wurdskat, etymology en grammatika. Hilarides stelde tagelyk fêst dat it Frysk yn syn tiid te min gebrûk en maatskiplik oansjen hie.A. Feitsma, “Johannes Hilarides as frysk taelkundige”, Handelingen van het Nederlands Filologencongres 27 (1962), s. 167–168.

De kulturele en taalkundige aktiviteiten fan Japiks, Gabbema en harren fermidden kinne dêrom sjoen wurde as in iere foarrinner fan de lettere Fryske Beweging. Fan in duorsume organisearre beweging wie lykwols noch gjin sprake. Yn de 18e iuw bleau de belangstelling foar it Frysk benammen bestean yn lytse literêre en gelearde fermiddens. Earst oan 'e ein fan dy iuw en yn it begjin fan de 19e iuw ûntstie mei ûnder oaren Everwinus Wassenbergh in nije, mear gearhingjende belangstelling foar de Fryske taal en literatuer.Teake Oppewal e.o. (red.), Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur, Bert Bakker, Amsterdam 2006, haadstik 3, benammen s. 48–50.

De earste organisearre beweging (1827-1862) Op 27 septimber 1827 waard it Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde oprjochte troch Franciscus Binkes, Hendrik Amersfoordt en Freerk Fontein. It Genoatskip hold him dwaande mei de Fryske skiednis, âldheidkunde, taal en kultuer. Yn de begjinjierren wie it in frij besletten organisaasje: de leden kamen benammen út de Fryske stêden, hiene faak studearre en wiene geregeld fan aadlik of patrisysk komôf.Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer, Skiednis, rieplachte 22 septimber 2026.

Ek Eeltsje Halbertsma waard lid, mar yn 1834 betanke er. Neffens Sjoerd van der Schaaf ergerde er him oan de stive deftigens binnen it Genoatskip en oan wat er seach as de tsjinstelling tusken dy deftigens en it feestjen nei ôfrin fan de gearkomsten. Oan syn broer Joast skreau er: "Es gibt Narren aller Art".Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske biweging (Ljouwert, 1977), s. 49–52. Hoewol't it Frysk ien fan de stúdzjegebieten fan it Genoatskip wie, wie it Nederlânsk yn de praktyk de omgongs- en fiertaal. Wol joech it Genoatskip tusken 1829 en 1835 seis Frysktalige nûmers fan it Friesch Jierboeckjen út; yn 1832 ferskynde gjin jiergong. It jierboekje wie benammen bedoeld om de kennis en it brûken fan it Frysk, ek ûnder stedslju, te befoarderjen.A. Feitsma, "De Friese beweging als gangmaker van Friese literatuur in de 19de eeuw", Verslagen en mededelingen van de Koninklijke Academie voor Nederlandse Taal- en Letterkunde, 1986, s. 329–331. Fan 1839 ôf ferskynde De Vrije Fries, dat yn de njoggentjinde ieu foar it grutste part yn it Nederlânsk skreaun waard.Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer, Skiednis; DBNL, De Vrije Fries (1839–). thumb|Harmen Sytstra In nije faze sette útein mei de oprjochting fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse. Op 14 septimber 1844 waard it Selskip yn Het Gouden Wagentje oan de Nijstêd yn Ljouwert formeel oprjochte troch Harmen Sytstra, Tiede Dykstra en Jacobus van Loon. By dy gearkomste wiene seis man oanwêzich, wylst noch acht oaren harren meiwurking tasein hiene. It Fryske reglemint waard op 26 juny 1845 fêststeld en op 29 septimber 1846 krige it Selskip keninklike goedkarring.Van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske biweging, s. 67–74.