Oss is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân tusken De Bosk en Nijmegen. It grutste sintrum fan 'e gemeente is de stêd Oss.
Yn 1994 waarden de gemeenten Berghem en Megen, Haren en Macharen by Oss weryndield. Yn 2003 waard de gemeente Ravenstein frijwillich weryndield by Oss. Yn 2011 is de gemeente Lith frijwillich gearfoege. Yn 2015 waard de gemeente fierder útwreide mei Geffen troch de opheffing fan 'e gemeente Maasdonk. De oare twa sintra fan dy gemeente, Vinkel en Nuland gongen nei de gemeente De Bosk.
Geografy De gemeente leit tusken de gemeenten De Bosk en Wijchen. De gemeentegrinzen folget oan 'e noardlike kant de Maas. Mei de iggen fan 'e Maas tusken de bochten nei it noarden útstekke, is de gemeente Oss ien fan 'e noardlikste gemeenten fan 'e provinsje.
Oan 'e oare kant fan 'e rivier leit it Lân fan Maas en Waal mei de oanbuorjende Gelderske gemeenten (fan west nei east) Maasdriel, West Maas en Waal en Druten en Wijchen. Fierders grinzget de gemeente Oss (de klok mei) oan 'e gemeenten Lân fan Cuijk, Maashorst, Bernheze en De Bosk.
Bekende wetterwegen binne de Maas yn it noarden, en de Hertogswetering fan Grave nei Gewande, dy't oan 'e noardkant by de stêd Oss lâns rint. Der is ek in sydtûke fan 'e Maas groeven, wêrfanút it Burgemeester Delenkanaal sûnt de jierren 1960 nei de haven fan Oss rint.
Plakken Berghem Demen Deursen Dieden Geffen Haren HerpenHuisseling Keent Lith Lithoijen Macharen Maren-Kessel MegenNeerlangel Neerloon Oijen Oss Overlangel Ravenstein Teeffelen
Njonken de offisjele plakken binne der noch buorskippen: Achterste Heide, Duurendseind, Gement, Boveneind, Benedeneind, Kleine Koolwijk en Voorste Heide.
Skiednis De gemeente Oss waard yn it jier 1810 stifte. Dat barde yn 'e Frânske tiid, doe’t de gemeentlike yndieling fan Nederlân reorganisearre waard neffens Frânsk model. Oss wie doe al in âld plak mei in skiednis dy't fier weromgiet.
De hjoeddeiske gemeente ûnstie neffens ûndersteand oersjoch nei fjouwer weryndielingen yn 1994, 2003, 2011 en 2015:
weryndielingeneardere gemeente opheffing kearnen yn 'e gemeenteBerghem1 jannewaris 1994BerghemMegen, Haren en Macharen1 jannewaris 1994Haren, Macharen, MegenOss1 jannewaris 1994OssRavenstein1 jannewaris 2003Demen, Dennenburg, Deursen, Dieden, Herpen, Huisseling, Keent, Koolwijk, Neerlangel, Neerloon, Overlangel, RavensteinLith1 jannewaris 2011Lith, Lithoijen, Oijen, Maren, Kessel, Maren-Kessel, 't Wild, TeeffelenMaasdonk1 jannewaris 2015Geffen
It besjen wurdich De gemeente telt hûnderten monuminten, bysûndere archeologysk plakken, yndustrieel erfgoed, tsjerken en kleasters en heart ta de fyftich Nederlânske gemeenten mei de measte monuminten.
Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1810 Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân