Jan Brouwer (Frjentsjer, 4 jannewaris 1760 - Ljouwert, 11 april 1838) wie fan 1785-1822 in doopsgesinde predikant yn Ljouwert.

Brouwer wie yn Ljouwert en yn de doopsgesinde bruorskip in foaroansteand man. Jan Brouwer die war foar de oprjochting fan de Algemiene Doopsgesinde Soas (1811) en waard fiif kear bekroand yn priisfragen. Hy besoarge de neilitten gedichten fan Simon Stijl. Hy is de heit fan Seerp Brouwer.

Kategory:Frysk predikant Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1760 Kategory:Persoan stoarn yn 1838