thumb|Seerp Brouwer Seerp Brouwer (Frjentsjer, 8 febrewaris 1793 - Ljouwert, 30 july 1856) wie in medikus en politikus.
Seerp wie de soan fan Jan Brouwer en studearre yn Leien, Frjentsjer en yn it bûtenlân medisinen, wiskunde en natuerkunde. Hy promovearre twa kear yn Leien.
Brouwer wie genêshear yn Ljouwert fan 1823-1835 en dêrnei heechlearaar wis- en natuerkunde yn Grins. Dan giet er werom nei Ljouwert foar priveestúdzje.
Fan 1843-1845 is Seerp Brouwer lid fan de Twadde Keamer. Hy stipe dêr it útstel fan Van Hall oer de frijwillige lieningDr. S. Brouwer. Syn bibleteek is foar it grutste part opnomd yn de Provinsjale Bibleteek, 'Brouweriana'.
Kategory:Frysk dokter Kategory:Frysk wiskundige Kategory:Frysk natuerkundige Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk dokter Kategory:Nederlânsk wiskundige Kategory:Nederlânsk natuerkundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1793 Kategory:Persoan stoarn yn 1856