thumb|left|Tinkstien foar Hannes Flesner by de Kukelorumslûs yn syn berteplak Aurich-Rahester Moor Hannes Flesner (yn it Rahester Moor by Auwerk, 8 desimber 1928 – Leezdorf, 12 july 1984) wie in ferneamd Eastfrysk sjonger en lietsjeskriuwer.

Libben Flesner groeide op yn Bremen, Karlsbad en Lodz. Hy helle syn eksamen oan it Ulrichsgymnasium yn Norden. Yn 1949 krige er wurk by de Ostfriesischer Kurier. Yn 1955 begûn er by de Oldenburger Nordwest-Zeitung en in jier letter foar de ferneamde Bild-Zeitung, dêr't er de jazz en schlagerkollumn foar skreau. Yn 1964 koe er as p.r.-manager by de plateprodusint Philips-Phonogramm oan it wurk. Nei syn kariêre by Philips gong er foar himsels oan it wurk as produsint en makke plaatsjes mei Conny Plank, James Last en Lisa Fitz. Al oan it begjin fan de sechtiger jierren begûn Flesner sels mei it skriuwen fan lieten. Ien fan syn bekendste hits wie de "Bottermelk-Tango" yn it Eastfrysk Plat.

Literatuer : Gröön-Bohnen Rock'n'Roll - Leben und Werk des Hannes Flesner (Ostfriese). Leer: JeJo Musikverlag, 2003. ISBN 3-9809-1041-5

Keppeling om utens Hannes Flessner: Min Mann is in't Frömd Hannes Flessner: Elk is gern wat Hannes Flessner: Rechtsupweg un Linksintschloot

Kategory:Eastfrysk skriuwer Kategory:Eastfrysk produsint Kategory:Dútsk lietsjeskriuwer Kategory:Dútsk muzykprodusint Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 1984