Joe Biden (folút: Joseph Robinette Biden jr.; Scranton (Pennsylvania), 20 novimber 1942) is in Amerikaansk jurist en politikus fan 'e Demokratyske Partij, dy't fan 2021 oant 2025 de 46e presidint fan 'e Feriene Steaten wie. Foartiid wied er fan 2009 oant 2017 ûnder Barack Obama de 47ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten, en dêrfoar hied er 36 jier lang sit yn 'e Amerikaanske Senaat foar de steat Delaware. Hy stie der lang om bekend dat er wat in rûchhouwer wie, dy't geregeldwei aparte of ûnbedoeld pynlike útspraken die.

Biden wie twaris de kandidaat fan 'e Demokratyske Partij foar it Amerikaanske presidintskip: yn 2020 wûn er de presidintsferkiezings fan dat jier en folge er Donald Trump op as presidint. Yn 2024 moast er him fanwegen syn geastlike ôftakeling likernôch hûndert dagen foar de presidintsferkiezings fan dat jier út 'e striid weromlûke om plak te meitsjen foar syn fise-presidinte Kamala Harris.

As presidint boude er de Amerikaanske ekonomy wer op nei de koroanapandemy. Hy loek de Amerikaanske troepen werom út Afganistan, mar helle tagelyk de bannen mei de Amerikaanske bûnsgenoaten oan. Op it persoanlike flak waard it libben fan Biden tekene troch de dea fan syn earste frou en dochter by in ferkearsûngemak yn 1972 en troch it ferstjerren fan syn âldste soan Beau oan harsenkanker yn 2015.

Libben Jonkheid en oplieding Biden waard yn 1942 berne yn Scranton, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, as de soan fan Joseph Robinette Biden sr. (1915–2000), in sakeman fan mingd Ingelsk-Frânsk etnysk komôf, en dy syn frou Catherine Eugenia Finnegan (1917–2010), dy't fan Jean neamd waard en út in Ierske famylje kaam. Biden wie de âldste fan fjouwer bern yn in roomske húshâlding. Hy hie in suster, Valerie, en twa bruorren, Francis en James. It hiele gesin moast earst in stikmannich jierren by pake en beppe oan memmekant ynwenje om't Joe Biden sr. finansjeel yn 'e nederklits rekke wie.

Yn 1953, doe't Biden alve jier wie, ferhuze de húshâlding nei Claymont, yn 'e steat Delaware, dêr't Joe Biden sr. in hannel yn twaddehâns auto's opsette. Fan dy tiid ôf hiene se it wat rommer. Biden gie nei de middelbere skoalle oan 'e Archmere Academy te Claymont, dêr't er yn it Amerikaansk fuotbalteam spile, en yn 1961 eineksamen die. Oanslutend studearre er oan 'e Universiteit fan Delaware yn Newark, dêr't er op 'e nij Amerikaansk fuotbal spile, no foar it universiteitsteam, de Delaware Fightin' Blue Hens. Yn 1965 studearre er ôf mei in bachelorstitel yn twa haadfakken, skiednis en politikology. Dêrnei skreau er him yn oan 'e rjochteskoalle fan 'e Universiteit fan Syracuse, te Syracuse yn 'e steat New York, dy't er útkeas om't syn faam dêr ek studinte wie. Syn masterskip yn de rjochten behelle er yn 1968, al fûn er nei eigen sizzen syn rjochtestúdzje it saaiste ding dat er ea by de ein hân hie.

Hoewol't de Feriene Steaten yn dy tiid de tsjinstplicht ynfierd hiene, tsjinne Biden nea yn 'e Fjetnamoarloch. Earst krige er ntl. ferskate kearen útstel om syn stúdzje ôf te meitsjen, en letter waard er ôfkard op grûn fan in astmatyske oandwaning dy't er as teenager hân hie. Om't sawol syn heite as syn memme famylje tige negatyf tsjin it ynnimmen fan alkohol oanseach, waard Biden gehielûnthâlder. Hy stammere oant er yn 'e tweintich wie, mar wist dat te oerwinnen troch oerenlang foar de spegel poëzij foar te dragen.

Trouwen en húshâlding Doe't er yn 1964 in spring break (krookjefakânsje) op 'e Bahama's trochbrocht, kaam Biden dêre yn 'e kunde mei Neilia Hunter, in Amerikaanse út in begoedige fermidden yn Skaneateles yn 'e steat New York, dy't studearre oan 'e Universiteit fan Syracuse. Op 27 augustus 1966 trouden se te Skaneateles, tsjin 'e beswieren fan har famylje tsjin syn roomske eftergrûn yn. Se krigen trije bern, Joseph Robinette Biden III (1969–2015), dy't Beau neamd waard, Robert Hunter Biden (1970), dy't Hunter neamd waard, en Naomi Christina Biden (1971–1972).

Op 18 desimber 1972, doe't se oan it winkeljen wiene foar de kryst, rekken Biden syn frou en bern belutsen by in slim ferkearsûngemak, wêrby't har auto op in krusing fan 'e sydkant ôf raamd waard troch in frachtwein. Sawol Neilia Hunter Biden as har ienjierrige dochterke Naomi kamen dêrby om it libben, wylst Beau Biden in brutsen skonk hie en Hunter Biden in plassebasisfraktuer en lichtere ferwûnings.

Nei't Joe Biden fiif jier lang widner en allinnichsteand heit west hie, wertroude er op 17 juny 1977 mei Jill Tracy Jacobs, in skoaljuffer út Willow Grove yn Pennsylvania, mei wa't er yn 1975 yn 'e kunde kommen wie op in troch ien fan syn bruorren beävensearre blind date. Mei syn twadde frou krige Biden ien bern, Ashley Blazer Biden (1981), dy't sosjaal wurkster waard. Syn soan Beau waard de prokureur-generaal fan Delaware en tsjinne as auditeur-militêr by it Amerikaanske Leger yn Irak, foar't er op 30 maaie 2015 mei 46 jier oan in harsentumor kaam te ferstjerren. Biden syn oare soan Hunter waard abbekaat en polityk lobbyist yn Washington, D.C.

Iere politike karriêre Yn 1968 rûn Biden in healjier lang staazje by in abbekatekantoar, wêrnei't er in hoartsje as pro deo-abbekaat wurke en doe in baan fûn by in abbekatekantoar yn Wilmington (Delaware). Yn dy tiid fielde er him mear oanlutsen ta de pleatslike Republikeinen as ta de Demokraten, mar doe't de Republikeinen besochten en meitsje him partijlid, hold er de boat ôf fanwegen syn ôfwearze fan 'e lanlike Republikeinske lieder Richard Nixon. Yn 1969 rjochte Biden mei in partner in eigen abbekatekantoar op, mei as namme Biden & Walsh. Yn 'e hjerst fan datselde jier stelde er him as Demokraat kandidaat foar de distriktsrie fan New Castle County, en wûn dêrby mei in romme marzje ien fan 'e sitten. Dêrnei wied er fan 1970 oant 1972 njonken syn wurk as abbekaat ek riedslid.

Senator Yn 1972 die Biden mei oan 'e ferkiezings foar ien fan 'e beide sitten fan Delaware yn 'e Amerikaanske Senaat, en wûn op 'e nij. Doe't oan 'e ein fan dat jier syn frou en dochter omkamen by it auto-ûngemak, liet er it yn him omgean om syn politike karriêre op te jaan, mar dat waard him troch partijgenoaten ûntpraat. It ferlies hie him lykwols ferfolle fan lulkens en twifels op it mêd fan syn leauwe. Letter fertelde er dat er yn dy snuorje graach jûns let yn efterbuerten omkuierje mocht, op 'e siik nei slaanderij. Hy sei: "Ik hie [earder] net witten dat ik by steat wie ta it fielen fan sa'n razernij [...] Ik hie it gefoel dat God my freeslik bedondere hie."

Begjin 1973 waard Biden mei de minimumâldens fan tritich jier de op seis nei jongste senator yn 'e Amerikaanske skiednis. Hy fertsjintwurdige dêrnei 36 jier lang Delaware yn 'e Senaat, fan 3 jannewaris 1973 oant 15 jannewaris 2009. Yn dy perioade waard er seis kear werkeazen, en hy einige as de op trije nei langst sittende senator fan it hiele lân. Hy wie (net tagelyk) foarsitter fan ferskate senaatskomitees, wêrûnder it Komitee foar Bûtenlânske Betrekkings, it Komitee oangeande de Rjochterlike Macht en de Ynternasjonale Gearkomste foar de Behearsking fan Narkoatika.

Biden wie in tsjinstanner fan 'e Earste Golfoarloch tsjin Irak yn 1991, dy't in reäksje wie op 'e Iraakske ferovering fan Koeweit. Mids 1990-er jierren spile er as fûleindich foarstanner fan Amerikaansk yngripen yn 'e Bosnyske Oarloch in wichtige rol by it ta stân bringen fan 'e Amerikaanske yntervinsje yn dat konflikt. Yn 2002 stimde er foar de resolúsje dy't de Twadde Golfoarloch mooglik makke, mar neitiid fersette er him tsjin it belied fan presidint George W. Bush, dat de Feriene Steaten bestrûpte yn 'e slepende Irakoarloch. Fierders hied er in liedende rol by it reälisearjen fan 'e Violence Against Women Act, in wet dy't frouljusmishanneling yn 'e Feriene Steaten oanpakte. Njonken syn politike karriêre wie Biden fan 1991 ôf fierders wurksum as adjunkt-heechlearaar oan 'e rjochteskoalle fan 'e Widener Universiteit yn Wilmington.

Fise-presidintskip Twa kear die Biden mei oan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings, yn 1988 en yn 2008, mar beide kearen waard er yn 'e Demokratyske foarferkiezings troch oare gadingmakkers ferslein. Yn 2008 waard er lykwols neitiid troch de winner fan 'e foarferkiezings, senator Barack Obama fan Illinois, frege om dy syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden. Biden gie dêrop yn, en tegearre mei Obama fersloech er dat jiers by de eigentlike ferkiezings de Republikeinske presidintskandidaat John McCain en dy syn running mate Sarah Palin. Sadwaande waard er op 20 jannewaris 2009 ynsward as de 47ste (en de earste roomske) fise-presidint fan 'e Feriene Steaten. Yn 2012 wûnen Obama en hy in twadde termyn, troch de Republikeinen Mitt Romney en Paul Ryan te ferslaan.

As fise-presidint en foarsitter fan 'e Senaat (in funksje dy't keppele is oan it fise-presidintskip) wie Biden djip behelle yn it beslútfoarmingsproses fan it regear-Obama op alle mêd. (Dat wie frij útsûnderlik foar in Amerikaanske fise-presidint, dy't nei de ferkiezings oer it algemien op in sydspoar ranzjearre wurdt.) Doe't Obama yn 2009 de Amerikaanske ekonomy nei de Bankekrisis wer op streek en út 'e resesje helpe woe mei in stimulearringspakket foar de Amerikaanske ynfrastruktuer (wegen, brêgen, spoarlinen, kanalen, ensfh.), krige Biden it tafersjoch oer dy ynvestearrings. Syn fermogen om mei Republikeinen yn it Amerikaanske Kongres te ûnderhanneljen (in fermogen dêr't Obama sels net of amper oer beskikte troch gebrek oan ûnderfining en om't er as te links sjoen waard), wie krúsjaal foar de gearwurking fan 'e beide partijen op it mêd fan belestings, ekonomyske stimulâns, de fêststelling fan 'e jierlikse begrutting, de krises oangeande it skuldeplafon en it foarkommen dat de Amerikaanske ekonomy by it 'fiskale klif' del knoffele.

Hoewol't er in yn 'e wol ferve politikus wie en bepaald net dom, stie Biden derom bekend dat er geregeldwei taktleaze en ûnhandige útspraken die, wêrmei't er himsels polityk sjoen gauris yn 'e pine sette. Sa seid er begjin 2007 oer Obama: "Ik bedoel, dat is de earste gewoane Afro-Amerikaan dy't mûlryp en yntelligint en skjin en in aardich útsjende keardel is, ik bedoel, moaier kinne je 't net krije." Mei dizze ûnbedoeld rasistyske útspraak ûndermine er syn eigen presidintskampanje fan 2008. Earder hied er al in soartgelikense flater makke doe't er it oer de grutte Yndiaaske ymmigrantemienskip yn Delaware hie.

Yn april 2009 beäntwurde Biden in fraach oer de hearskjende bargegryp mei te sizzen dat er it syn famylje ôfriede soe om it fleantúch of de metro te nimmen. Soks wurke fansels de ûngerêstens ûnder de befolking yn 'e hân, en it Wite Hûs kaam dan ek daliks mei it boadskip dat Biden it sa net bedoeld hie en dat dit net de miening fan it regear wie. Dat ynsidint late derta dat Biden yn in hiele rige komyske tillefyzjeprogramma's op 'e hak nommen waard as in healewizenien dy't der mar wat op los eamele, in yndruk dy't noch fuortsterke waard troch in ynsidint út 2008, doe't er by in kampanjegearkomste Chuck Graham, in steatssenator fan Missouri, eefkes yn it sintsje sette woe. Hy frege de man doe troch de mikrofoan ferskate kearen om stean te gean, wat Graham lykwols net oprêde koe om't er yn 'e rolstoel siet. Ditoangeande rôp Biden oantinkens op oan Dan Quayle, in oare Amerikaanske fise-presidint dy't him oates en toates ferprate, mar it ferskil wie dat Quayle it oansjen fan in arrogante omkoal hie, wylst Biden nettsjinsteande syn nuvere opstigings dochs rûnom as in ynnimlik persoan beskôge wurdt. Sa't syn eardere kollega-senator Lindsey Graham fan Súd-Karolina sei: "As der gjin flaters wiene, soe der gjin Joe wêze. Hy is ien dy't je wol lije meie moatte."

Oan 'e ein fan syn fise-presidintskip ûntfong Biden op 12 jannewaris 2017 út 'e hannen fan Barack Obama de Presidinsjele Frijheidsmedalje, de heechste Amerikaanske boargerlike ûnderskieding.

Ferkiezingskampanje fan 2016