thumb|upright|Selsportret Wim van der Veer (Holwert, 1939)Koarte biografy fan Wim van der Veer is in keunstskilder.

Hy skildert faak lânskippen fan giele nôtfjilden, griene greiden en dûnkere bosken. It is dúdlik wat der ôfbylde wurdt, mar it is mear in ekspresje as in krekte werjefte. Underwerpen binne faak Fryske lânskippen as de Fryske Wâlden, Biltske klaai of Frânske lânskippen mei sipressen.

Nei de ambachtsskoalle waard hy yn 1960 it jongste lid fan de keunstnersferiening It Frysk Palet’. Yn de jierren santich folget er in jûnsoplieding oan de keunstakademy Miverva.

Van de Veer jout mei in eigen fyzje it lânskip wer. It giet mear om de sfear as om it krekte werjaan. Meast fan de fyts ôf besiket er middels etsen, tekeningen, skilderijen en akwarellen om it deistige libben fan Fryslân fêst te lizzen.

Publikaasjes Wim van der Veer, skilder fan Lân, Wetter en Portretten (2004) Fryslân in geel groen en blauw, Leven en werk van Wim van der Veer (2014)

Fernijing yn: 15 jaar galerie Goutum (2002) Uitzicht op Hollands Laagland (2012) Kunstschatten van Oranjewoud (2014) Leeuwarden, de mooiste stadsgezichten (2018)

Keppelings om utens Offisjele webside fan Wim van der Veer RKD-profyl Wim van der Veer

Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Holwert Kategory:Persoan berne yn 1939 Kategory:Akademy Minerva