thumb|240px|right|Noarderleech 120 x 100 sm.oalje/doek thumb|240px|right|Noarderleech 120 x 100 sm. oalje/doek Rein Halbersma (Wânswert oan 'e Streek, 1949 - Kollum, 25 febrewaris 2021)Deaberjocht Mensenlinq.nl wie in Fryske skilder. Halbersma groeide op yn Wânswert oan de Streek en wennet no (2008) yn Kollum. Fan 1979 ôf lei er him ta op de keunst en folge er lessen by oare skilders. Halbersma skildere in soad bisten, benammen hynders en kij, lânskippen en portretten yn oaljeferve.
Halbersma wie lid fan keunstnersferieniging FRIA en Keunstwurk.
Der wienen eksposysjes fan him yn ûnder mear it Frysk Lânboumuseum yn Goutum en kultureel sintrum "De Skierstins" yn Feanwâlden. Yn 2020 wie de eksposysje Eachweid te sjen yn Museum Dokkum en museum 't Fiskershúske.
Halbersma stoar nei in siikbêd yn de âldens fan hast 72 jier.LC, 2 maart 2021
Bibliografy , Rein Halbersma Eachwiid, in oersjoch fan it wurk en petearen. Utjouwerij Wijdemeer ISBN 9789492052681
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Wânswert Kategory:Persoan stoarn yn Kollum Kategory:Persoan berne yn 1949 Kategory:Persoan stoarn yn 2021