De Vredeman de Vries-priis is in priis dy't ferneamd is nei Hans Vredeman de Vries, in wichtige 16e-iuwske arsjitekt, ôfkomstich út Fryslân. De priis wurdt alle jierren weijûn, mar yn de foarm fan twa twajierlikse prizen. It iene jier is der in priis foar arsjitektuer en it jier dêrop in priis foar foarmjouwing.
De priis is yn 2000 ynsteld troch de Provinsje Fryslân en wurdt stipe troch ARK (sintrum foar Arsjitektuer en Romtlike Kwaliteit), Keunstwurk en Hûs en Hiem.
De winner wurdt troch in sjuery oanwiisd. De priiswinner krijt in bedrach fan 5.000 euro en in oarkunde. Dêrneist is der ek de Leeuwarder Courant-Publykspriis.
Priis foar Arsjitektuer Jier Winners Untwerp2025J.O.N.G. Architectenbouprojekt It Westerhûs fan Nijkleaster yn Hilaard2022Studio Nauta yn'e mande mei De Zwarte Hondrenovaasje en nijbou IKC Prins Constatijn yn Ljouwert2020Achterbosch ArsjitektenJ.O.N.G. ArsjitektenEnerzjy Kennissintrum LjouwertWenning yn Aldemardum2018Onix NL, Grins museum en houtwurkplak Houtstêd Drylts2016J.O.N.G. Arsjitekten DP6 arsjitektuerstudio fakânsjewent yn It Heidenskip Poppoadium & ROC Neushoorn yn Ljouwert2014Borren Staalenhoef Arsjitekten Filla Juliana yn Ljouwert2012OnixMichaelskoalle yn Ljouwert2010TWA arsjitektenWen-Soarchkombinaasje Offingaburch, Hallum2008GDA Arsjitekten bv bna, BurdaardKantoar fan Wonen Noordwest Friesland, Sint Anne2006Buro OnixVilla Maarsingh yn Ljouwert2004Arsjitekteburo Jelle de Jong Ferbou fan in wenpleats yn Nijemardum2002Bureau Verheijen Verkoren Knappers De HaanParkeargaraazje Hoeksterein yn Ljouwert2000Bonnema Borren Staalenhoef arsjitektenTwa rekreaasjewenten op Flylân
Priis foar Foarmjouwing Jier Winners Untwerp 2024 Folkert van der Hoek Wurk- en presentaajeplak Phlox yn Húns 2021 Babke Dekker (Hofmeijer Dekker Ontwerpers), Johan van Gent (Stichting Erfgoed & Publiek) en Jos Blomsma (Vormburo Terwisscha & Wagenaar)Kennis- en ynformaasjesintrum Hegebeintum - Ynrjochting 2019 Elmo VermijsGegrond, ynventarisaasje fan de Skylger Polder. Mei de greidefûgel as graadmjitter 2017 Studio INAMATTSweet Nothing, in Nederlânske ynterpretaasje fan de Japanske teeseremoanje2015Claudy JongstraDenkkamer, in romte yn it eardere NatLab fan Philips2013NRJ Achitectuur Meubels Rabobank Atelier Fries Museum2011Gjalt Pilattafelsearje Pake Sytse2009Iepenbier Ministearje Arrondissemintsparket te Ljouwert Jierferslach 2006/Jierplan 20072007Ykje Hibma, Durk Kramer, Maaike de Vreeze, Bastiaan Blaauw Mobyl tsienerplak Binnenboard2005Claudy JongstraCherry Blossum2003Keninklike Tichelaar MakkumNothing New2001Hanshan RoebersDe boot van toen
Keppeling om utens Keunstwurk.nl
Kategory:Fryske keunstpriis Kategory:Fryske arsjitektuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2000