American Saddlebred is in hynsteras, oarspronklik út de Feriene Steaten. De American Saddlebred wurdt benammen as showhynder brûkt.
Karakter left|thumb|De hege stap is typysk foar de Saddlebred. De stokmaat is leit tusken de 152 en 163 sm. De American Saddlebred is ljocht- of donkerbrún, swart of readbrún mei swarte ôftekeningen. It is in treflik rydhynder mei in tige freonlik karakter. It hynder hat in in grutske hâlding, dy't de kop heech hat en de sturt heech draacht. Se hawwe in lange, lichte hals dy't moai bûge is, in koarte rêch en fine, sterke skonken. Harren bewegings binne heech en fluch en it binne yntelliginte en freonlike hynders. Se wolle graach foar de ruter wurkje en leare fluch nije dingen.
Njonken de stap, draf en galop (three-gaited saddlebreds) kinne guon ek de telgong en de hurddraversgalop (five-gaited saddlebreds) útfiere.
Skiednis It ras fynt syn oarsprong yn 'e Amerikaanske steaten Kentucky en Virginia en is ûntstien út in krusing tusken de Narragansett Pacer (in rydhynder dat no útstoarn is) en de Ingelske Folbloed. Letter is der ek bloed fan 'e Morgan en de Standardbred by kaam. Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861–1865) wie de Saddlebred it favorite hynder fan 'e ofsieren. Bekende generaals lykas Robert E. Lee (mei syn hynder Traveller) en Ulysses S. Grant rieden op Saddlebreds. Se waarden keazen om't se sterk en fluch wiene, mar ek in grut úthâldingsfermogen hiene op it slachfjild.
Nei de oarloch krige it ras de namme "Kentucky Saddler". It waard it symboal fan 'e aristokrasy yn it suden fan 'e Feriene Steaten. Yn 1891 waard de American Saddlebred Horse Association oprjochte; dat wie it earste stamboek foar in eigen Amerikaansk hynderras.
Yn 'e 20e iuw feroare de rol fan it hynder. It wie langer net allinne in ferfiermiddel foar op it lân of yn 'e oarloch, mar it hynder waard hieltyd populêrder foar hynsteshows.
Namme De ynformele en histoaryske namme fan it hynder wie yn 'e 19e en begjin 20e iuw "Kentucky Saddler". De offisjele rasnamme wie "American Saddle Horse" doe't yn 1891 it stamboek oprjochte waard. Yn 1981 feroare it stamboek de rasnamme yn "American Saddlebred" om it Amerikaanske karakter en de foktradysje better te ûnderstreekjen.
Kategory:Hynsteras Kategory:Domestisearre bisteras út de Feriene Steaten