thumb|left|250px|Lizzing Sint-Petersburch yn Ruslân Sint-Petersburch (Russysk: Санкт-Петербург, Sankt-Peterboerg) is de twadwichtichste stêd fan Ruslân nei Moskou. It is in havenstêd dêr't in soad yndustry is, mar it is ek in wichtich wittenskiplik en kultureel sintrum. Beskiedend is de 18e en 19e-iuwske boukeunst; de grêften, grutte lange diken, tunen, parken en paleizen binne foar toeristen tige nijsgjirrich.
Skiednis 1703, Sint-Petersburch wurdt stifte troch Peter de Grutte en wurdt haadstêd fan Ruslân. 1918, Moskau wurdt haadstêd fan Ruslân. 1914-1924, Sint-Petersburch hjit Petrograd omdat Sint-Petersburch te Dútsk klinke soe wylst de Russen fochten yn de Earste Wrâldkriich. 1917, Oktoberrevolúsje dêr't Vladimir Lenin in wichtige rol yn spile hat. Yn de Twadde Wrâldkriich belegerje de Dútsers Sint-Petersburch foar 29 moannen. 1924-1991, Sint-Petersburch hjit Leningrad.
Geografy De rivier de Neva mûnet yn de Finske Golf. De stêd leit yn it deltagebiet fan dy rivier. De stêd is boud op 42 eilannen. Heechwetter is in gefaar foar de stêd omdat de stêd net sa heech boppe seenivo boud is.
Demografy Der wenje likernôch 5 miljoen minsken. Al yn it ferline hawwe in soad minsken út it westen har nei wenjen set yn Sint-Petersburch. Yn 2009 wie 89,1 % fan de ynwenners etnyske Russen. Dêrby komme 2,1 % Joaden, 1,9 % Oekraïners, 1,9 % Wyt-Russen en lytsere mienskippen fan Tataren, Kaukazen, Oezbeken en Finnen.
Befolkingsûntjouwing thumb|300px|Grafyk: Untjouwing ynwennertal (ynklusyf it part fan de stêdekloft dat bestjoerlik by de stêd heart) jier ynwennertal 1725 75.000 1750 150.000 1800 300.000 1846 336.000 1852 485.000 1858 520.100 1864 539.100 1867 667.000 1873 842.900 1881 876.600 1886 928.600 1891 1.035.400 1897 1.264.900 1901 1.439.400 jier ynwennertal 1908 1.678.000 1910 1.962.000 1915 2.318.600 1920 722.000 1926 1.616.100 1936 2.739.800 1939 3.191.300 1944 2.559.000 15 jannewaris 1959 2.888.000 15 jannewaris 1970 3.512.974 17 jannewaris 1979 4.072.528 12 jannewaris 1989 4.460.424 9 oktober 2002 4.159.635 1 jannewaris 2005 4.039.751
Transport Sint-Petersburch hat in seehaven, in fleanfjild (Пулково Poelkovo) en farwetter nei de Wolga/Baltyske steaten. Yn de stêd ryd sûnt 1955 in metro. Sûnt 2008 leit der in 115 km lange ringdyk om de stêd hinne.
Ekonomy Der is in protte yndustry, lykas stielyndustry, gemy, skepebou en masinebou. Der is in grutte autoyndustry. Bedriuwen út it bûtenlân binne Wrigley, Gillette, Rothmans, Unilever, Japan Tobacco en Coca-Cola. De bierbrouwerij Baltika hat hast in miljard euro omset (yn 2005). Baltika is de grutste bierbrouwerij yn Ruslân en East-Jeropa, en de twadgrutste fan Jeropa nei Heineken. Dútslân is op ekonomysk mêd tige fan belang foar Sint-Petersburch.
Underrjocht De Russyske Akademy fan Wittenskippen sit yn de stêd en der binne ûndersyksynstituten by de roes, fierders binne der trije universiteiten, dêr't de Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch de âldste fan is, en in konservatoarium.
Kultuer Der binne sa'n 120 museums, bygelyks de Hermitaazje en it Russysk Museum. Der binne 50 teaters, sa as it Mariinskiteater. It Eastersk-Ortodokse Alexander Nevski-kleaster is ien fan de wichtichste bouwurken yn de stêd. Neffens UNESCO sit Sint-Petersburch yn de top tsien fan reisdoelen fan de wrâld.
Kategory:Plak yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Plak stifte yn 1703