thumb|Martin Bormann yn 1934 Martin Bormann (Halberstadt, 17 juny 1900 – Berlyn, 2 maaie 1945) wie in Dútsk nasjonaal-sosjalistysk politikus en wie de siktaris fan Adolf Hitler.

Bormann waard op 17 febrewaris 1927 lid fan de NSDAP en makke frij gau kariêre. Yn 1928 kaam er yn de staf fan de Sturmabteilung (SA). Doe't Hitler yn 1933 diktator waard, waard Bormann beneamd ta partijorganisator (Reichsleiter) en ponghâlder fan de partij.

Op 20 july 1944 mislearre de oanslach fan kolonel Claus von Stauffenberg op Adolf Hitler. Dêrnei fertroude Hitler allinnich mar syn eigen partij en de SS. Dêrtroch waarden Bormann (as partijlieder) en Heinrich Himmler (haad SS) de wichtichste mannen fan it Tredde Ryk. Nei de Dútske nederlaach en Hitler syn selsmoard, besochten Bormann en in stik as wat oare ofsieren Berlyn te ûntflechtsjen om oan it Reade Leger te ûntkommen. Doe't dat lykwols net slagge, died er himsels tekoart op in brêge deunby it Hauptbahnhof.

Kategory:Dútsk amtner Kategory:Dútsk politikus Kategory:Politikus yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútsk parlemintslid Kategory:Lid fan de NSDAP Kategory:Lid fan de SS Kategory:Dielnimmer oan de Holokaust Kategory:Dútsk krimineel Kategory:Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden Kategory:Persoan dy't by ferstek ta de dea feroardiele is Kategory:Dútsk faksist Kategory:Selsmoarddogger Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1945