In moanne is in tal fan dagen dat likernôch gelyk is oan de perioade dêr't de Moanne yn om de Ierde draait. Om't dy perioade likernôch 29,53 dagen is, kin in moanne net presiis de goede lingte hawwe, sadat moannen of te lang of te koart binne.
Yn de Gregoriaanske kalinder duorret in moanne 28, 29, 30 of 31 dagen, en in jier duorret 12 moannen:
Moanne Lingte Neamd nei Oare namme Jannewaris 31 de Romeinske god Janus Foarmoanne Febrewaris 28/29 it Romeinske reinigingsfeest Februa Selle(moanne) Maart 31 de Romeinske god Mars Foarjiersmoanne April 30 it Latynske wurd "aperire" Gersmoanne Maaie 31 de Romeinske goadinne Maja Blommemoanne Juny 30 de Romeinske goadinne Juno Simmermoanne July 31 de Romein Julius Caesar Heamoanne Augustus 31 de Romeinske keizer Augustus Oktavianus Rispmoanne Septimber 30 it Latynske wurd foar "sân" Hjerstmoanne Oktober 31 it Latynske wurd foar "acht" Wynmoanne Novimber 30 it Latynske wurd foar "njoggen" Slachtmoanne Desimber 31 it Latynske wurd foar "tsien" Wintermoanne
Sjoch ek Tiid Oare betsjuttings fan Moanne
Kategory:Tiid