right|300 px|Kaart fan Dútslân Dútslân, ek wol stavere as Dútsklân, offisjeel Bûnsrepublyk Dútslân (Dútsk: Bundesrepublik Deutschland), is in lân yn Sintraal-Europa. De haadstêd is Berlyn en de bûnskanselier fan de republyk is sûnt 2025 Friedrich Merz. Dútslân is in federale republyk mei sechstjin dielsteaten (Bundesländer). It lân grinzet oan njoggen buorlannen en oan de Noard- en Eastsee.

Al sûnt de Aldheid waard it hjoeddeistige suden fan Skandinaavje en it noarden fan Dútslân bewenne troch Germaanske stammen. Sa'n 100 jier f.Kr. makken de Romeinen al melding fan in regio mei de namme Germania. Mei de delgong fan it Romeinske Ryk en it Grutte Folkeferfarren fêstigen de Germanen har hieltyd fierder yn Sintraal-Europa. Oan 't begjin fan de 10e iuw ûntstie it Hillige Roomske Ryk dat in grut part fan dy Germaanske gebieten omfette. Yn de rin fan de 16e iuw is foaral it noarden fan Dútslân in broeinêst foar de Reformaasje. Krekt as it Hillige Roomske Ryk wie it Dútske Bûn (1815–1866) in steatebûn, pas yn 1871 wurdt Dútslân mei de oprjochting fan it Dútske Keizerryk in naasje.

Dútslân is sûnt de oprjochting lid fan de Europeeske Uny en is ûnderdiel fan de Eurosône. Dútslân is ek lid fan de Feriene Naasjes, NAFO, de G7 en de G20. Dútslân hat it Kyoto protokol en Schengen akkoard tekene. De ekonomy is de fjirdgrutste fan de wrâld neffens BYP en it tredgrutste eksportearjende lân yn 2012. Dútslân is nei ynwennertal it grutste lân fan de Europeeske Uny en hat in oerflak fan 356.974 km². It lân hat it tredgrutste oantal ymmigranten fan alle lannen op de wrâld.

Skiednis thumbnail|left|200px|It Hermannsdenkmal yn it Teutoburgerwâld.

Yn de prehistoarje waard it gebiet dat no Dútslân is, bewenne fan Germanen en Kelten. Ut Skandinaavje wei kamen de Germanen yn Dútslân, dy't har mei it Grutte Folkeferfarren nei it suden en westen teagen. Julius Caesar ferovere Galje yn de 1e iuw f.Kr. en makke fan de Ryn de grins fan it Romeinske Ryk. De Romeinen stiften de stêden Keulen en Trier.

It Hillige Roomske Ryk wie it earste Reich of keninkryk. It begûn mei Karel de Grutte, hy wie de earste Frankyske Ryk om it jier 800 hinne. De kroaningen fan de keizers fan it Hillige Roomske Ryk wienen ynspirearre op de kroaning fan Karel de Grutte yn 800. It Hillige Roomske Ryk ûntstie yn 843 mei it tekenjen fan it Ferdrach fan Verdun en bleau bestean oant 1806, de tiid fan Napoleon.

It twadde Reich begûn mei in ferdrach yn 1871 yn Versailles. It Dútske Ryk kaam byinoar en de basis wie Prusen, útsein Eastenryk. Dútslân bleau in ryk mei in ferskate folken foar noch in 50 jier. Dútslân wûn de Frânsk-Dútske Kriich mei Frankryk yn 1871, en yn de Earste Wrâldkriich sette hja op 'e nij út ein mei in ynfaazje yn Frankryk. De kriich einiget mei it fjochtsjen yn 'e rinfuorgen, fuorgen groeven troch soldaten foar beskermjen. Der wienen in soad soldaten ferstoarn by de beide partijen. De kriich einiget yn 1918, en de Dútske keizer naait út nei Nederlân. Nei de revolúsje einiget it Twadde Reich en wie it begjin fan de demokratyske Weimar Republyk. Nei de kriich wienen der grutte ekonomyske problemen yn Dútslân troch it Ferdrach fan Versailles en de Grutte Depresje oer de gânse wrâld. Nei de ein fan de Earste Wrâldkriich waard op 9 novimber 1918 troch de sosjaaldemokratyske politikus Philipp Scheidemann yn Berlyn de republyk útroppen. Fanwege rebûlje yn Berlyn kaam de nasjonale gearkomste yn 1919 foar de earste kear by elkoar yn Weimar, dêr't de namme Weimarrepublyk troch ûntstien is.

It "Tredde Ryk" wie Nazy-Dútslân; fan 1933 oant en mei 1945. Adolf Hitler wie lieder fan it regear, en mei goedkarring fan it parlemint krige hy op 23 maart 1933 de folsleine macht oer it lân, striidkrêften en regear. Hitler anneksearre Eastenryk en Tsjechje, mar nei de anneksearring fan Poalen bruts 1 septimber 1939 de Twadde Wrâldkriich út. Oan it begjin wie de kriich foar Dútslân in súkses, Nazy-Dútslân ferovere in grut part fan Jeropa en de Sowjetuny. Nei de Slach om Stalingrad stie it der min foar mei it Dútske eastfront, en stadichoan lutsen de Dútsers har fjochtsjendewei werom út it easten. Nei de ynvaazje by Normandje, D-Day, waard de kriich op trije fronten fierd tsjin Nazi-Dútslân (west, súd en east). Ridlik gau feroveren de alliearden Parys. In tebeksetter foar de alliearden, en in súkses foar Nazi-Dútslân wie Market Garden, lykwols wie der nei de slach tefolle optimisme by de Dútsers, dy't doe noch kânsen seagen om mei it Ardennenoffensyf foar in kearpunt yn de kriich te soargjen. Yn de Slach om Berlyn binne mear as 300.000 minsken stoarn, ek Adolf Hitler holdt it libben net, hy die himsels tekoart op 30 april 1945. Op 8 maaie 1945 wie de folsleine kapitulaasje fan Nazi-Dútslân tekene. Yn july/augustus 1945 waard de Konferinsje fan Potsdam holden, dêr't de oerwinners gear kamen oer de takomst fan Dútslân. Wat it grûngebiet oangiet moasten de gebieten beëasten de rivieren Oder en Neisse ûnder Poalsk bewâld komme. De gebieten yn it westen dy't wilens de kriich aneksearre waarden, it Frânske Elzas-Lotaringen, Belgje krige syn Eastkantons werom. Lúksemboarch en Eastenryk waarden loskeppele fan Dútslân. thumbnail|left|200px|Besettingssônes yn 1945 Dútslân waard ferparte oer fjouwer besettingssônes, it noardeasten waard Britsk, súdeasten Amerikaansk, it oan Frankryk oanswettende gebiet Frânsk en it easten waard de Sowjet besettingssône. Berlyn waard ek yn fjouweren dield. It wie de bedoeling dat de fjouwer lannen har eigen paad folgen mar de Alliearden begûnen al ridlik gau gear te wurkjen. De spanningen tusken east en west waarden grutter neidat de Sowjetuny help foar weropbou yn har sône wegere, yn it westen sette it Marshallplan útein. Op 23 maaie 1949 waard de Bûnsrepublyk oprjochte, it besloech de Frânske, Britske en Amerikaanske besettingssônes. West-Dútslân waard folslein ûnôfhinklik ferklearre op 5 maaie 1955, Bonn waard de haadstêd. Fjouwer dagen letter, op 9 maaie 1955, waard West-Dútslân NAFO-lid. Op 7 oktober 1949 waard de DDR oprjochte, Dútslân bestie fan dy dei ôf út east en west. Op 14 maaie 1955, seis dagen neidat West-Dútslân by de NATO kaam, waard East-Dútslân lid fan it Warsjaupakt. Yn 1973 waarden East- en West-Dútslân lid fan de Feriene Naasjes. Yn it tiidrek fan 1949 oant 1961 flechten likernôch 3 miljoen minsken fan de DDR nei West-Dútslân. Om dy flechtlingestream te kearen waard yn 1961 de Berlynske Muorre boud. Yn 'e simmer en hjerst fan 1989 boaze de flechtlingestream út de DDR wei nei it westen oan, omdat Hongarije op 2 maaie 1989 de grins mei Eastenryk iepene, dêr't in soad ynwenners fan de DDR brûkme fan makken. thumbnail|200px|Berlynske Muorre 9 novimber 1989 wie de ein fan de Berlynske Muorre, minsken út east en west koenen yn dy twa lannen frij reizgje. Nei de Wiedervereinigung kamen der yn desimber 1990 demokratyske ferkiezings. Yn 1991 waard besletten dat it regear fan Bonn nei Berlyn soe, dy ferhuzing wie yn 1999 foltôge. Nei it gearfoegjen fan de twa Dútslannen opponearre it Dútske regear him as grut foarstanner fan in feriene Jeropa. Yn de Feriene Naasjes boaze de macht fan Dútslân oan en it lân soe sels graach in eigen sit yn de Feiligensried hawwe wolle. Dy ûntwikkelings yn de Jeropeeske Uny en de Feriene Naasjes wurde troch oare lannen mei in skalk each besjoen. Nei de werieniging hat de Bundeswehr bydroegen oan ynternasjonale militêre missys yn Joegoslaavje en Afganistan. De earste kear, nei de Twadde Wrâldkriich, wie yn 1999 yn de Kosovo-kriich. Yn it ramt fan de terreurbestriding wie Dútslân solidêr mei de Feriene Naasjes yn de kriich tsjin it terreur dy't him utere yn de ynvaazje fan Afganistan yn 2001. Nei de ferkiezings fan 2005 slagge it net om in tradisjonele koalysje te foarmen. De kristlik-sosjale koalysje (CDU/CSU en SPD) foarmet in grutte koalysje yn it parlemint mei Angela Merkel (CSU) as kânselier.

Geografy thumbnail|It Alpengea yn Beieren right|thumbnail|Eilân Rügen yn it Noarden Dútslân wurdt fan it suden nei it noarden hieltyd leger. Yn it suden lizze de Beierske Alpen mei de Zugspitze as heechste punt. Dan komt it middelberchte fan de Swabyske Alpen en de Frankyske Alpen en it Sauerlân en de Harts. Dêrfoarby leit it Noarddútsk leechlân, mei it djipste punt yn Neuendorf yn Sleeswyk-Holstein. Dútslân wurdt begrinzge troch de Noardsee, Denemark en de Eastsee yn it noarden, Poalen en Tsjechje yn it easten. Eastenryk en Switserlân yn it suden en Frankryk, Lúksemboarch, Belgje en Nederlân yn it westen.

Eilannen Yn de Dútske Waadsee lizze de Fryske eilannen. De eilannen oan 'e kant fan de Noardsee kinne yn twa groepen skifte wurde, de Noard- en Eastfryske eilannen. De Noardfryske eilannen mei de eilannen Söl, Oomram, Pälweerm, Feer en de Halligen en it Hilgelân dat fierder fan de kust ôf leit, hearre by de dielsteat Sleeswyk-Holstein. De Eastfryske eilannen Boarkum, Júst, Nordeneach, Langerëach, Spikereach en Wangereach hearre by Nedersaksen. Yn de Eastsee lizze by de kust lâns noch in tal eilannen, de grutsten binne Rügen en, mei twa brêgen oan de fêstewâl ferbûn, Usedom. De grutste eilannen yn de Dútske marren binne Mainau, Lindau en Reichenau yn de Bodenmar en Herrenchiemsee yn de Chiemmar.

Wetter De Donau rint fan west nei east troch Súd-Dútslân, en giet dan fierder de grins mei Eastenryk oer. De Ryn streamt bylâns de grins mei Switserlân en de grins mei Frankryk, en streamt dan fierder nei it noarden oant dy de grins mei Nederlân oergiet. Yn it leechlân streame de Iems, de Weser en de Elbe nei it noarden en noardwesten nei de Noardsee. Yn Meklenburch-Foarpommeren streame ferskate lytse rivierkes nei de Eastsee. De Neise en Oder foarmje de grins mei Poalen, oant de Oder it lêste stik troch Poalen nei see streamt.

De marren yn Dútslân binne yn 'e lêste iistiid foarme, doe't de gletsjerfallij mei wetter fuld wie. De measte fan dy grutte marren lizze fandatoangeande yn gebieten dy't eartiids mei grutte iismassa's bedutsen wienen, of yn 'e omkriten fan de gletsjers, sa as yn Meklenburch en krekt boppe de Alpen. De grutste mar fan Dútslân is de Bodenmar (Dútsk: Bodensee) op de grins mei Switserlân en Eastenryk. De grutste mar dy't hielendal yn Dútslân leit is de Müritz yn Meklenburch-Foarpommeren.

Polityk Dútslân is sûnt 1949 in demokratysk-parlemintêre bûnssteat. De grûnwet waard kundich makke op 23 maaie 1949. De grûnwet kin troch in twatredde mearderheid yn 'e bûnsdei en bûnsrie feroare wurde. De lêste feroaring wie yn 2006. Guon artikelen, dêr't de grûnslach fan de grûnwet yn omskreaun is, kinne net feroare wurde. Dútslân hat 16 dielsteaten (Bundesländer) (sûnt 1990, dêrfoar wie it East- en West-Dútslân). De bûnssteat is it machtichst ("Bundesrecht bricht Landesrecht"), mar de dielsteaten hawwe ek aardich wat foech. De federaasje nimt bûtenlânske saken en definsje foar har noed.