De berchein (Tadorna tadorna) is in grutte ein, maar dúdlik lytser as in goes. It fearrekleed is bûnt fan kleur en by it hijke en it sijke itselde.
Beskriuwing De berchein is in 1 oant 1,5 kg swiere, grutte ein fan 55 oant 65 sm lang mei in spanwiidte fan 70 sm by it wyfke en 115 sm by it mantsje. Mantsje en wyfke hawwe allebeide in reade snaffel, mar it mantsje hat der in knobbe op. De kop en de hals binne donkergrien en de fearren binne wyt mei in pear swarte streken. Oer it boarst hat de fûgel in brune bân. De berchein hat irisearjende griene sekundêre slachpinnen en rôze poaten. De measte pearkes binne trou oan inoar, neffens ûndersyk siket mar 2,4% fan bercheinen alle jierren in oare partner.Joan Roughgarden: Evolution's Rainbow: Diversity, Gender, and Sexuality in Nature and People. University of California Press, Berkeley 2004, ISBN 0-520-24073-1, side 55 De ein wurdt likernôch 4,5 jier âld, mar de âldste berchein wie 14,5 jier âld, wat op grûn fan it ringjen mei betrouberens fêststeld wurde koe,.Janet Kear (Hrsg.): Ducks, Geese and Swans. Oxford University Press, 2005, ISBN 0198546459, side 422
Iten De berchein yt slakkeguod, skaaldieren en wjirms, somtiden ek ynsekten en wetterplanten.
Brieden thumb|left|Aaien fan 'e berchein thumb|left|Sijke mei einepiken De berchein mei graach yn in hol briede yn 'e dunen, kwelders, feangreide en oan rivieren. Dêrfoar brûkt er graach in kninehol dat de stân fan 'e berchein hinget gear mei it tal kninen. It nêst bestiet út 8 oant 12 aaien, dy't troch it sijke útbret wurde. It sijke bret se yn 28 dagen út en de einepiken kinne nei 8 wiken fleane.
Fersprieding De berchein is oan 'e kust fan West-Europa in fûgel dy't gauris sjoen wurdt. De ein hat de lêste dessinia syn briedgebiet nei it oanbuorjende binnenlân útwreide. Oan 'e kust fan 'e Middellânske See libbet de fûgel lykwols lokaal. De grutste Nederlânske konsintraasjes fan bercheinen binne te finen yn Seelân, it noarden fan 'e provinsje Noard-Hollân, it Iselmargebiet en it Waadgebiet. It tal briedende bercheinen nimt al sûnt de santiger jierren ta en ek mear yn it binnenlân lykas op de Fryske en Grinslânske klaai is de berchein hjoed de dei in briedfûgel. As it brieden foarby is trekke bercheinen nei de Waadsee om troch de fearren te gean. Ynearsten wie dat fral it Dútske Waadgebiet, mar it tal einen is dêr wat ôfnommen en yn it Nederlânkse Waadgebiet foars tanommen.
It tal Nederlânske briedpearen wurdt troch SOVON op 4900-8200 rûsd (2018-2020), it tal oerwinterjende bercheinen op 41.900-61.400 (2016-2021). De totale populaasje fan 'e berchein waard yn 2015 op 415.000-500.000 folwoeksen fûgels rûsd.
Media
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Berchein Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales