Jan Folkert Broos (Huzum? 1913 - Beetstersweach, 18 oktober 1991) wie in histoarikus.
Fan 1927 oant 1933 hat er as ien fan de lêste wezen opnommen west yn it Tjallingaweeshûs. Broos is master yn de rjochten (mr.) en yngenieur (yr.). Broos hat twa boeken skreaun oer lokale skiednis. It iene boek hjit "Uit de geschiedenis van het dorp Arum" en is fan 1960. It oare boek is yn 1982 ferskynd by de Fryske Akademy en hjit: "Vier eeuwen Tjallinga weeshuis".
Bibliografy Vier eeuwen Tjallinga weeshuis. Fryske Akademy, Ljouwert 1982 (ISBN 90-6171-609-8) Uit de geschiedenis van het dorp Arum, Boalsert 1960
Boarne J.F. Broos, "Vier eeuwen Tjallinga weeshuis". Fryske Akademy, Ljouwert 1982 (ISBN 90-6171-609-8)
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk yngenieur Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Persoan berne yn Huzum Kategory:Persoan stoarn yn Beetstersweach Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1991