Tjallingastate is in eardere state yn Westernijtsjerk by Marrum yn Ferwerderadiel. De state is der net mear mar de pleats wurdt noch wol sa neamd. In bysûnderheid fan de skiednis fan de state is dat de state fan 1541 ôf, mar wierskynlik al earder, tsjinst dien hat as weeshûs. It Tjallingafûns ferpachte de pleats en it lân oan in boer, ûnder de betingst dat de boer in oantal wezen yn hûs naam. Yn 1877 hat it bestjoer fan it Tjallingafûns de wezeopfang ferpleatst nei Ljouwert. De pleats waard doe fan doe ôf oan ûnder de foar dy tiid gebrûklike betingsten ferpachte.

Pachters sûnt 1877: 1877 – 1884 Gerrit Wops Koning en Trijntje Johannesdochter Hoogland 1884 – 1891 Willem Sierds Heidanus en Gerbrich Machielsdochter Jongbloed 1891 – 1901 Ybe Lieuwes Poortinga 1901 – 1941 Johannes Samuels Schuiling 1941 – 1965 Klaas Johanneszoon Schuiling 1965 – 1973 Frou widdo Klaas-Johanneszoon Schuiling, berne Fetje Bergsma 1973 - ? Sake Schuiling Sjoch ek Tjallingastate (Hantum)

Kategory:State Kategory:Westernijtsjerk Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Ferwerderadiel Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 16e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 19e iuw