Douwe van der Meulen, (It Oranjewâld, 14 novimber 1954), is in Frysk ûnderwizer, skriuwer en makker fan Frysktalige en Nederlânsktalige puzels.

Libben en wurk Nei de Albertine Agnesskoalle yn It Oranjewâld gie hy nei de Ryks Skoallemienskip (RSG) op It Hearrenfean. Yn 1977 helle er it ûnderwizersdiploma oan de Ryks Pedagogyske Akademy yn Ljouwert. Dêrnei wurke er as ûnderwizer yn Krimpen aan den IJssel en Soest. Hy wenne yn Baarn en letter yn Driebergen-Rijsenburg.

Puzels yn tydskriften en blêden Ljouwerter Krante Yn 1982 helle Van der Meulen de Akte Frysk (LU). By dy stúdzje pakte er geregeld in Nederlânsk puzelboekje foar de ûntspanning. Omdat der yn it Frysk noch gjin kryptogrammen bestiene, makke er út aardichheid sels in Frysk kryptogram, dat publisearre waard yn partijblêd De Frijbûtser fan de FNP. Sûnt 1982 ferskynde der om de fjirtjin dagen in Frysk kryptogram fan syn hân yn de Ljouwerter Krante.Ljouwerter Krante, tongersdei 8 april 1982, side 13 Nei 1992 waarden dy ôfwiksele mei Fryske krúswurdpuzels.

De diagrammen waarden sa ûntwurpen dat de letters LC fan de krante der yn werom te finen binne as in soarte fan hannelsmerk. Dat wie ek te sjen yn syn Nederlânske kryptogrammen dy’t er sûnt 1991 fiifentweintich jier lang foar de krante makke. Leeuwarder Courant, 16 februari 1991. Letter krigen syn Fryske puzeldiagrammen de foarm fan in pompeblêd, as in weromkommend hannelsmerk. Begjin 2026 waard bekend dat er, nei 45 jier puzels meitsjen foar de LC, yn 2027 ophâlde sil mei it ûntwerpen fan Fryske puzels foar de krante. Utpuzele, Leeuwarder Courant, Sneon & Snein side 22-23; 3 jannewaris 2026 Yn 2026 ferskynde syn twatûzenste krantepuzel.Puzelnoed: Fryske kryptogramman, yn: De Moanne, juny 2026, side 44-48

Swierrichheden by it meitsjen fan Fryske puzels It meitsjen fan Fryske puzels hat syn eigen swierrichheden: der moat omtinken jûn wurde oan de diakrityske tekens op ienlûden (bygelyks u / û / ú ) Fryske wurden begjinne nea mei in V, C, X of Z in y mei net mei in ij kruse de letter ij is ien letter, wat foar in soad kompjûterprogramma’s lestich is de Fryske wurdskat fan puzelders is ornaris net sa grut thumb|200px|right|Kryptogram thumb|200px|right|Puzel út it magazine fan It Fryske Gea thumb|200px|right|Puzel út de Friesland Post Friesland Post Sûnt 1992 ferskine fan him ek Nederlânske puzels yn de Friesland Post. It giet om in grut ferskaat oan puzelsoarten, allegear mei in bining mei Fryslân. Dy ferbining kin yn de opmaak sitte: trochstreekpuzels yn de foarm fan in gemeentewapen, in alvestêdekrúske of in pompeblêd.25 jaar puzzelen in stijl, Friesland Post, maaie 2017, side 90 Ek it ûnderwerp hat faak in Fryske link: in gemeente of plak, in bekende Fries (Rients Gratama, Foppe de Haan of Tetman en Jarich de Vries), of oare tema’s mei in dúdlik Frysk karakter (RONO, Uleboerd, letterlapen, Fryske doarpshuzen).

It Fryske Gea De ienheid yn foarm en ynhâld komt ek dúdlik nei foaren yn de puzels foar it magazine fan It Fryske Gea. Yn de foarm fan it logo fan It Fryske Gea steane dan fjildnammen, fûgelsoarten en beskerme planten sintraal.

Oare blêden Douwe van der Meulen makket ek puzels foar blêden bûten Fryslân, ûnder oare foar de ledeblêden fan de FNV.

Frysk Puzelwurdboek Yn 1992 ferskynde by de AFUK fan syn hân it Frysk Puzelwurdboek. De earste helte fan it puzelwurdboek giet út fan de omskriuwings dy’t yn de puzelopjeften foarkomme. De mooglike oplossings – de 'frege' wurden – steane efter de omskriuwing neamd. It giet fan koarte nei lange wurden en jout safolle mooglik synonimen en foarbylden. It twadde diel fan it puzelwurdboek bestiet út tematyske rubriken as fûgels, Fryske wetternammen, wizen fan 'gean' en Fryske foarnammen.

Digitale projekten Yn 2000 socht Van der Meulen gearwurking mei Otto B. Wiersma, in ICT-er op it mêd fan Nederlânske puzels. Tegearre brochten se de Fryske Puzelensyklopedy op skiif út. Omdat it puzelwurdboek allinnich yn papieren foarm beskikber wie, moast alle ynhâld oertypt wurde nei in digitaal bestân. De digitale Fryske Puzelensyklopedy ferskynde yn 2002 op CD-ROM. It programma kin, neist it sykjen nei puzelwurden, ek anagrammen opspoare en wurden fine dêr’t letters yn ûntbrekke.

Yn datselde jier ferskynde ek it Fryske digitale taalspultsje Wurdwiis. In rûch bestân fan mear as hûnderttûzen wurden fan de Fryske Akademy foarme de basis foar de wurdlisten efter it programma. Tiidwurdfoarmen, eigennammen, plaknammen en âldfrinzige wurden en eigennammen moasten útfiltere wurde. Dêrnei waarden wurdlisten op oantal letters oanmakke en yndield op swierrichheid (fan ien oant fiif ‘stjerren’). Benammen de diakrityske tekens fregen in soad tiid en omtinken, om’t krusende letters deselde kapkes en skrapkes hawwe moasten. Mei de nij oanmakke bestannen koene programma’s ûntwikkele wurde. Yn 2002 kaam it ynteraktive Wurdwiis út op skiif, tagelyk mei de Fryske Puzelensyklopedy.

Yn 2006 en 2007 foarmen de bestannen de basis foar ynteraktive puzels dy’t op de webside fan de Ljouwerter Krante op te lossen wiene.

Om’t beide manlju kânsen seagen foar it Frysk yn it ûnderwiis waarden digitale Fryske puzels ûntwikkele dy’t spesjaal foar skoallen bedoeld wiene. Dêrfoar moasten earst nije bestannen makke wurde dy’t de basis tsjinje koene. De wurdlisten mei tûzenen wurden fan de Fryske Akademy moasten op ‘e nij hânmjittich útsocht wurde. Sûnttiids kinne Fryske puzels downloade wurde op harren website www.puzel.nl. Dêr kinne abonneminten nomd wurde op ferskate Fryske puzels en puzelpakketten.

Wachtfersêfters en logigrammen thumb|200px|Foarbyld fan in Wachtfersêfter Sûnt 2002 makke Van der Meulen ek Nederlânsktalige puzels dy’t ûnder de namme Wachtfersêfter yn wachtkeamers en boppe toskedokterstuollen hingje. It binne puzels dy’t sûnder papier oplost wurde kinne en dy’t as abonnemint te besetten binne.

Fan syn hân steane ek in tal Fryske logigrammen, ek wol logyske puzels neamd, op in side mei logigrammen. Website Logiquiz Nederlânske en Fryske puzels kinne dêr ynteraktyf oplost wurde.

Begjin 2026 waard bekend dat er, nei 45 jier puzels meitsjen foar de LC, yn 2027 stopje sil mei it ûntwerpen fan Fryske puzels foar de krante.

Puzelboekjes Frysk Puzzelboek thumb|150px|left|Frysk Puzelboek thumb|150px|right|boekje 3 thumb|150px|right|boekje 4 It Frysk Puzzelboek is it earst ferskynde Fryske puzelboekje en kaam út yn 1983 by de Friese Pers Boekerij. It is fold mei 15 krúswurdpuzels en 14 kryptogrammen.

Foaryn stiet in Fryske hantlieding foar it oplossen fan kryptogrammen, en efteryn steane de oplossings.

Frysk Puzelboekje 3 Frysk puzelboekje 3 ferskynde yn 1989 by de Afûk. It nûmer 3 is in ferfolch op de Fryske puzelboekjes 1 en 2 fan Jaap Wolthuizen dy’t yn 1984 ferskynd wiene by de Afûk. Frysk puzelboekje 3 is keppele oan it Frysk puzelboekje 4: efteryn diel 3 steane de oplossings fan diel 4. Yn it boekje steane ferskate puzelsoarten: fan kreakeling, krúswurdpuzels, nammekaartsjes, trochrinners, wurdsikers, tsjaskers, muorrebrekkers oant lispuzels, anagrammen en oare logyske puzels. It boekje is tagelyk útkomd mei Frysk puzelboekje 4.

Frysk Puzelboekje 4 Frysk Puzelboekje 4 ferskynde yn 1989 by de Afûk. It nûmer is in ferfolch op de Fryske puzelboekjes 1 en 2 dy’t yn 1984 ferskynden by de Afûk. It boekje is keppele oan Frysk puzelboekje 3: efteryn diel 4 steane de oplossings fan diel 3. Yn it boekje steane ferskate puzelsoarten: kryptogrammen, krúswurdpuzels, logogrammen, wurdsikers en tsjaskers. Fierders befettet it ferburgen plaknammen, sitaatpuzels, spiraalpuzels, ynfolpuzels, lûdsikers, siferkoadepuzels en wurdferfoarmers. It puzelboekje is tagelyk útkomd mei Frysk puzelboekje 3.

Skriuwer Foar de heechste klassen fan it basisûnderwiis yn de gemeenten Soest en Baarn makke er twa fisuele hiemkundige presintaasjes.

Syn Baarnske kanon Sporen naar een serredorp foarme de basis foar it jubileumboek fan de Historische Kring Baerne (HKB). Van der Meulen wie as inisjatyfnimmer en auteur ek lid fan de redaksje fan it yn 2014 ferskynde Duizend jaar Baarn - geschiedenis van een Eemlands dorp.

Tsien jier letter wie er, tegearre mei Frits Booy, einredakteur fan it jubileumboek Baarn in de wereld – De wereld in Baarn, dat útjûn waard by gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan de HKB.Het is net schatgraven: Het jubileumboek van de Historische Kring Baerne, yn: Baarnsche Courant, 13 desimber 2024

Bibliografy Frysk Puzzelboek (Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 1983), 64 siden ISBN 90-330-2521-3 Frysk Puzelboekje 3 (Afûk, Ljouwert, 1989), 56 siden ISBN 90-6273-406-5 Frysk Puzelboekje 4 (Afûk, Ljouwert, 1989), 56 siden ISBN 90-6273-411-1 Frysk Puzelwurdboek (Afûk, Ljouwert, 1992), 220 siden ISBN 90-6273-403-0 Fryske Puzelensyklopedy, T&O Software, 2002, CD-ROM mei Otto B. Wiersma. Duizend Jaar Baarn (jubileumútjefte 40-jier Historische Kring Baerne), ko-auteur en redakteur, 2014, 224 siden. Bibliotheek.nl Historisch Baarn, ko-auteur, 2024, 66 siden. RTV Eemland1, 29 septimber 2024 Baarn in de wereld – De wereld in Baarn, 2024, jubileumútjefte 50 jier Historische Kring Baerne, ko-auteur, einredakteur, 216 siden.

Artikels (seleksje) Caroline van der Hucht-Kerkhoven en haar kring, yn Tussen Vecht en Eem, juny 2018, side 122. DOKA-zegels (1963-1975), yn Baerne fan de Historische Kring Baerne, juny 2018, 42e jiergong nr.2. KPS, uit naam van Paleis Soestdijk, yn Van Zoys tot Soest fan de Historische Vereniging Soest, juny 2017, side 26. Herman Kruyder, een getroebleerd kunstenaar, yn Tussen Vecht en Eem, septimber 2017, side 192. De Eembrug, yn Baerne fan de Historische Kring Baerne, septimber 2016, 40e jiergong nr. 3, side 66. Gerbrand Faas Elias (1784-1864), yn Baerne fan de Historische Kring Baerne, desimber 2016, 40e jiergong nr. 4, side 126. De Nederlandsche Kinderbond, afdeling Baarn, yn Baerne fan de Historische Kring Baerne; maart 2019, 43e jiergong nr. 1 side 8.

Ferskaat Wurdwiis, (T&O Software, 2002), mei Otto B. Wiersma.

Sjoch ek List fan Fryske puzelmakkers

Kategory:Frysk puzelmakker Kategory:Nederlânsk puzelmakker Kategory:Frysk publisist Kategory:Wurdboekskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne op It Oranjewâld Kategory:Persoan berne yn 1954