right|thumb|260px|De piramides fan Gizeh Gizeh (Arabysk: الجيزة, al-Gīzah; Ingelsk: Giza) is in foarstêd fan de Egyptyske stêd Kairo, sa'n 20 km fan it sintrum fan dy stêd ôf. Gizeh is foaral bekend fanwege de Sfinks en piramides dy't dêr tichtby lizze.
Yn 2012 hie Gizeh 3.628.062 ynwenners.
Underwiis Yn Gizeh is sûnt 1924 de Universiteit fan Kairo festige. De stêd is in sintrum fan ûnderwiis foar de hiele Mediterrane regio. Gizeh hat tal fan skoallen, beukerskoallen en ynstituten foar heger ûnderwiis.
Gizeh hat de Japaneeske Ynternasjonale Skoalle.Home (Archive). Cairo Japanese School. Rieplachte 2 jannewaris 2014. "NAZLET EL BATRAN EL AHRAM GIZA, A.R.EGYPT" Yn Dokki yn Giza stiet teffens de Deutsche Evangelische Oberschule stiet ,"Kontakt." Deutsche Evangelische Oberschule. Sjoen 18 jan. 2015. "6, El Dokki St. Dokki / Giza" en de Pakistan International School of Cairo."Contact Us." Pakistan International School of Cairo. Rieplachte 21 april 2015. "12 Midan Tehran, Dokki, Cairo."
Nijsgjirrichheden De wichtichste nijsgjirrichheden fan Gizeh binne: Piramide fan Geops fan kening Geops (Kufu) Piramide fan Gefren Piramide fan Mykerinus Sfiks fan Gizeh
Stêdebân Los Angeles Feriene Steaten Bergen, Noarwegen Rinkeby-Kista, Stokholm, Sweden Bandar Seri Begawan, Brûnei
Kategory:Plak yn Egypte Kategory:Plak stifte yn de 7e iuw f.Kr.