thumb|150px|right|Frysk Puzelwurdboek It Frysk Puzelwurdboek is in helpmiddel by it oplossen fan Fryske puzels. It ferskynde yn 1992 by de Afûk yn Ljouwert en is gearstald troch Douwe van der Meulen. www.bibliotheek.nl

It earste diel fan it puzelwurdboek giet út fan de omskriuwings dy't yn puzelopjeften foarkomme. De mooglike oplossings, de 'frege wurden' stean efter de omskriuwing neamd. It giet fan koarte nei lange wurden en jout safolle mooglik synonimen en foarbylden. - Frysk Puzelwurdboek, ek foar net-puzelders nijsgjirrich, in: Frysk en Frij, 31 maart 1993

It twadde diel fan it wurdboek is in samling wurden dy't it meast frege wurde, oarere neffens rubriken. De rubriken omfetsje underwerpen lykas: Ark en Reau, Dielen fan in boerepleats, Fryske skriuwers, Fryske wetternammen, Manieren fan gean, Plaknammen, Planten en beammen, Poddestuollen, Sûchdieren en folle mear.Leeuwarder Courant, s. 47, 23 januari, 1993

It Frysk Puzelwurdboek (ISBN 90-6273-403-0 ) is yn 2002 ferskynd op CD-rom as Fryske Puzelensyklopedy.Frysk Puzelwurdboek as Fryske Puzelensyklopedy

Kategory:Frysk Kategory:Taalpuzel Kategory:Wurdboek Kategory:Frysktalich non-fiksjewurk Kategory:Non-fiksjewurk út 1992