De Hatsumermole is in poldermole en ryksmonumint yn de neite fan it doarp Dronryp yn de gemeente Waadhoeke.

It is in mealreeë muonts, dy't sawat oardel kilometer besúdwesten Dronryp stiet. It is in houten achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei houten fertikale dielen mei in flecht fan 11,56 m.

Skiednis

De Hatsumermole waard yn 1878 boud foar de bemealling fan de 60 ha. grutte polder Sikma, as opfolger fan in spinnekopmole. De Hatsumermole waard yn 1988/1989 restaurearre en krige yn 2003 in nije kape. De wipstôk fan de mole is fersierd mei in ienhoarn. De Hatsumermole, dy't eigendom is fan de Stifting Moles yn Menameradiel, mealt tsjintwurdich yn sirkwy en is op ôfspraak te besichtigjen.

Sjoch ek Mole yn Fryslân

Keppeling om utens De Hatsumermole op de Moledatabase' De Hatsumermole op de side fan de feriening 'De Hollandsche Molen'

Kategory:Dronryp Kategory:Mole yn De Waadhoeke Kategory:Ryksmonumint yn De Waadhoeke Kategory:Muonts (mole) Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1878 Kategory:Ryksmonumint yn Menameradiel Kategory:Mole yn Menameradiel