De Keimpetille (Nederlânsk: Kingmatille) is in poldermole en ryksmonumint oan de Hatsumer Opfeart besúdwesten it doarp Dronryp yn de gemeente Waadhoeke.

Skiednis De Keimpetille waard yn 1870 boud en yn 1987 op it hjoeddeiske stee tichteby it Van Harinxmakanaal setten, dêr't er de 'Hatsumerpolder' bemealt.

De mole is dêrneist ek mealree yn sirkwy. Súdeastlik fan de mûne stiet it mûndershûs.

Yn 1991 waard de mole, dy't eigendom is fan de Stifting Mûnen yn Menameradiel, foar it lêst restaurearre. De reparearre fizel is nei in defekt yn 2009 werom set. De mûne is op ôfspraak te besichtigjen.

Beskriuwing De Keimpetille is in houten achtkante muonts mei stiennen fjildmuorren. It achtkant en de kape binne mei mei reid dutsen en de wjukken hawwe in flecht fan 13 meter. De wipstôk fan de Keimpetille is fersierd mei in ienhoarn.

Sjoch ek Mole yn Fryslân

Keppeling om utens Moledatabank - 'Dronryp, Keimpetille' - De Hollandsche Molen 'Keimpetille te Dronryp'

Kategory:Dronryp Kategory:Mole yn De Waadhoeke Kategory:Ryksmonumint yn De Waadhoeke Kategory:Muonts (mole) Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1870 Kategory:Bouwurk út 1987 Kategory:Ryksmonumint yn Menameradiel Kategory:Mole yn Menameradiel