De Ljip is in reiddekte poldermole en ryksmonumint by it doarp Menaam yn de gemeente Waadhoeke.
Skiednis De Ljip waard yn 1802 boud foar it bemeallen fan de 265 ha grutte Berltsumerpolder, wêrby't hy ynmealle en útmealle koe. De mûne, dy't sawat in kilometer benoarden Menaam oan de Berltsumer Feart stiet, waard yn 1986 eigendom fan de Stifting Mûnen yn Menameradiel. Yn 1995 waard hy foar it lêst restaurearre.
Beskriuwing De houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren hat in flecht fan 15,00 m. De wipstok fan de mûne is fersierd mei in ienhoarn. De Ljip mealt tsjintwurdich yn sirkwy. De mûne stiet op partikuliere grûn en is allinnich te besichtigjen as hy draait.
Sjoch ek Mole yn Fryslân
Keppeling om utens Moledatabank - 'De Ljip, Menaam' De Hollandsche Molen - 'De Ljip yn Menaam'
Kategory:Menaam Kategory:Mole yn De Waadhoeke Kategory:Ryksmonumint yn De Waadhoeke Kategory:Muonts (mole) Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1802 Kategory:Mole yn Menameradiel Kategory:Ryksmonumint yn Menameradiel