VV Blije is de fuotbalklup fan Blije. De feriening is oprjochte op 25 april 1985 en spilet op it fjild oan de Farrewei yn Blije. It tenu fan de klup bestiet út in giel shirt mei swarte skouders en swarte mouwen, in swarte broek en giele sokken.

Skiednis De doarpsklup waard oprjochte op inisjatyf fan inkelde yn it doarp wenjende fuotbal leafhawwers. It die bliken dat der genôch draachflak foar in eigen feriening wie en fuotballers dy't spilen by ferieningen yn de buert ree wiene om foar de Blije te fuotbaljen.

Wylst it eardere keatsfjild geskikt makke waard foar it fuotbal waard der op de fjilden yn Ferwert begûn oan de kompetysje yn it seizoen 85-86. Der waard begûn yn leechste klasse en it earste alvetal waard fuort kampioen en koe trochstreame nei de 2e klasse fan de FVB.

Blije Kategory:Blije Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1985