De Golf fan Oman is it noardwestlike part fan de Arabyske See, dat mei de Perzyske Golf ferbûn is troch de Strjitte fan Hormuz. Yn it noarden grinzet de Golf oan Iran en in lyts stikje Pakistan, yn it westen oan de Feriene Arabyske Emiraten en de Omaanske eksklave Mûsandam, en yn it suden oan Oman. De Golf is tige wichtich foar de wrâldekonomy omdat in hiel soad ierdoalje troch de Golf transportearre wurdt.
Kategory:Rânesee fan de Yndyske Oseaan Kategory:See yn Aazje Kategory:Wetter yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Wetter yn Iran Kategory:Wetter yn Oman Kategory:Wetter yn Pakistan