thumb|right|250px|Kertieren fan Fryslân De kertieren fan Fryslân foarmen in bestjoerlike yndieling (1579-1795) fan Fryslân.
De eardere goaen Eastergoa, Westergoa en Sânwâlden wienen de trije plattelânskertieren, ûnderferdield yn tritich (respektivelik alve, njoggen en tsien) gritenijen. It fjirde kertier wie in stêdekertier en bestie út de Fryske alve stêden.
Kertieren Kertier Flagge Oantal Gritenijen/ stêden Eastergoa25px alve Achtkarspelen, Dantumadiel, Ferwerderadiel, Idaarderadiel, Kollumerlân en Nijkrúslân, Ljouwerteradiel, East-Dongeradiel, Raarderhim, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en West-Dongeradiel Westergoa25px njoggen Baarderadiel, Barradiel, Frjentsjerteradiel, Himmelumer Aldeferd, Hinnaarderadiel, It Bildt, Menameradiel, Wûnseradiel en Wymbritseradiel Sânwâlden25px tsienAenjewier, Doanjewerstâl, Gaasterlân, Haskerlân, Lemsterlân, Eaststellingwerf, Opsterlân, Skoatterlân, Utingeradiel en Weststellingwerf Stêden alveBoalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Hylpen, Drylts, Ljouwert, Sleat, Snits, Starum en Warkum