Gaasterlân (Nederlânsk en offisjeel: Gaasterland) is in eardere gemeente oan 'e Fryske Iselmarkust, dy't fierhinne de lânstreek Gaasterlân omfieme. De gemeente Gaasterlân hie op 1 jannewaris 1980 7.489 ynwenners en besloech in oerflak fan 81,02 km².

Skiednis

Gaasterlân ûntstie as gemeente yn 1851, troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke. It wie in fuortsetting fan 'e eardere Gritenij Gaasterlân.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard Gaasterlân op 1 jannewaris fan dat jier mei de gemeente Sleat en in lyts part fan 'e gemeente Himmelumer Aldefurd (de doarpen Ealahuzen, Kolderwâlde en Aldegea) feriene ta in nije gemeente. Dy hiet yn 't earstoan ek Gaasterlân, mar yn juny 1985 waard de namme feroare yn Gaasterlân-Sleat.

Plakken De gemeente Gaasterlân omfette tsien doarpen mei as haadplak Balk. Tusken heakjes wurde (foar sa fier bekend) it tal stimmen neamd yn de tiid dat Gaasterlân in gritenij wie.Boarne: âlde ynfoboks fan it doarp, dat nei oerlis mei meidoggers yn maart 2022 ferfongen is troch in ynfoboks mei allinne aktuele ynformaasje

Bakhuzen (56 stimmen mei Murns) Balk (ûnbekend) Harich (56 stimmen) Murns (56 stimmen mei Bakhuzen) Nijemardum (42 stimmen) Aldemardum (63 stimmen) Riis (ûnbekend) Rûgehuzen (ûnbekend) Sondel (42 stimmen) Wikel (ûnbekend) </ol>

Kategory:Sânwâlden Kategory:Gaasterlân Kategory:Eardere gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1984 Kategory:Gaasterlân-Sleat