thumb|260px|De trije dielen Aldehou, Nijehou en Hoek dy't yn 1435 tegearre Ljouwert foarmen op in kaart út 1580 fan Braun en Hogenberg, neffens in model fan J.R.G. Schuur út 1979. Nijehou wie in terpdoarp, dat mei Hoek en Aldehou op 3 augustus 1435 Ljouwert waard.

De terp fan Aldehou waard om it jier 100 hinne opsmiten op in kwelderwâl tichteby de igge fan 'e Middelsee. It gebiet oerstreamde regelmjittich en dêrom waarden der keunstmjittige ferhegingen oanlein. Om it jier 900 ûntstie eastlik dêrfan it terpdoarp Nijehou. Nijehou wie in doarp mei in dûbele terp, wêrtusken de Dokkumer Ie streamde, dy't súdlik fan Nijehou yn in baai fan 'e Middelsee streamde.Fryslân Site, oproppen 28 july 2027.

De Kamminga's ornearren yn 'e lette 12e iuw in part fan harren besit op 'e noardlike terp fan Nijehou foar de stifting fan in parochytsjerke, dy't wijd wie oan Marije. Dy tsjerke rekke nei de Reformaasje yn ûnbrûk en waard yn 1758 ôfbrutsen, mar de pastorije út it begjin fan 'e 14e iuw bleau bewarre en stiet bekend as de Keimpemastins. Dat is it âldste noch besteande gebou fan it eardere Nijehove.Corpus Roemeling, oproppen 28 july 2027.Tresoar, oproppe 28 july 2027

Nijehove wie al sûnt de 13e iuw mei in grêft, in houten palissade en tagongspoarten omfieme en hie al wat in stedsk oansjen. Undertusken wie ûnder ynfloed fan 'e Kamminga's noardeastlik fan Nijehove in tredde terpdoarp ûntstien, Hoek.

Op 21 jannewaris 1435 waarden de dokuminten besegele, wêryn't de doarpen Aldehou en Nijehou ôfpraten om tegearre mei Hoek ien stêd te foarmen. De namme Liuwert of Linward wie doe lykwols al lang foar de trije doarpen tegearre bekend.Leeuwarden 750-2000 Hoofdstad van Friesland, ISBN 9789051941739 (útjouwerij Van Wijnen, Frjentsjer), side 78.

Kategory:Skiednis fan Ljouwert