Basse is in buorskip yn de gemeente Stienwikerlân yn de Nederlânske provinsje Oerisel. De buorskip mei ynwenners () leit yn de Kop fan Oerisel westlik fan Stienwikerwâld, tichtby de grins mei Fryslân.
Skiednis It plak waard foar it earst yn 1425 as Bassinghe neamd. De namme wie ôfkomstch fan in âlde pleats. Dat betsjut sokssawat as "lju fan de persoan Basse". It plak is in langhalich buorskip dêr't de lytsere buorskippen Basserveld en Molenhoek ek ta hearre. It plak wie fan oarsprong agrarysk en waard skaaimerke troch syn bllokferkaveling. It gebiet leit op in ferhege sânrêch.
Yn 1819 wie dêr yn dy pleats in katolike skûltsjerke. De plaknamme komt yn 1865 foar it earst op de kaart foar. Yn de rin fan de 20e iuw waard in dyk tusken de ferskate buorskippen oanlein, de Basserwei. Dêrtroch krige de buorskip stadichoan it karakter fan in dykdoarp.
Mienskip It Buurthuus is it moetingsplak fan it doarp. De buertferiening organisearret in stikmannich akktiviteiten.
Eveneminten Battle of Basse - autocross op in snein yn augustus of septimber TT Basse - motorcross yn earste wykein fan septimber
Keppeling om utens Hiemside fan Basse
Kategory:Plak yn Stienwikerlân