De Iishal Ljouwert wie in oerdekte keunstiisbaan yn Ljouwert njonken it WTC Expo. Neist in bûtebaan fan 220 meter hie de iishal ek in binnenbaan fan 30 x 60 meter. Dy binnenbaan waardt ûnder oare brûkt troch iishockeyferienings, shorttrackferienings en kurlingklubs út Ljouwert en omkriten.

De iishal fan Ljouwert waardt winterdeis in soad brûkt troch skoallen, iisferienings en partikulieren.

Nijbou Yn 2015 waard de iishal sletten en sloopt. Datselde jiers waard de Alvestêdehal iepene, mei in nije, gruttere baan. Hjoed de dei steane op it plak fan de iishal in trijetal winkels.

Kategory:Earder bouwurk yn Ljouwert Kategory:Sport yn Ljouwert Kategory:Iisbaan yn Fryslân Kategory:Bedriuw mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Bedriuw oprjochte yn de 20e iuw Kategory:Bedriuw opheft yn 2015 Kategory:Bouwurk út de 20e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 2015 Kategory:Bedriuw yn Ljouwert