Idserdabuorren is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdwestlik fan Hieslum. Idserdabuorren bestiet út in tal pleatsen en in wenhûs oan de stomprinnende Idserdawei. Idserdabuorren leit yn de Mûntsebuorsterpolder súdlik fan in sydfeart fan de Warkumer Trekfeart, dy't nei Hieslum rint.
Skiednis Idserdabuorren leit súd fan it doarp Hieslum. Oan de westkant rinne de Warkumer Trekfeart en de N359. De namme komt ek foar as Idserdabuyren, Idzerda Buiren en Idserdaburen. Idzerd is in eigennamme.
Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings
Kategory:Hieslum Kategory:Buorskip yn Wûnseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân