It Hearrenfean (Nederlânsk en offisjeel: Heerenveen, Stellingwerfsk: et Vene) is in gemeente yn it suden fan Fryslân, mei ynwenners (, boarne: CBS), wêrfan 30.200 yn de flekke It Hearrenfean sels (1 jannewaris 2017). It hat in gebiet fan 187,76 km², wêrfan 6,9 km² wetter.

Skiednis Fan 1 jannewaris 1812 oant 1 oktober 1816 bestie der ek in gemeente (eins in mairie) It Hearrenfean, dy't lykwols inkeld de plakken It Hearrenfean en Terbant en de buorskip It Mar omfieme. Yn 1816 waarden de gritenijen Aenjewier en Skoatterlân weroprjochte, dy't foar 1812 ek bestiene en har oarsprong fûnen yn 'e Midsiuwen. Yn 1851 waarden dy beide gritenijen omfoarme ta gemeenten.

Yn 1934 waard de gemeente It Hearrefean foarme troch de fúzje fan Aenjewier en Skoatterlân, wêrby't ek in lyts diel fan Haskerlân tafoege waard, eastlik fan it hjoeddeiske Nijehaske. De trije neamde gemeenten foarmen oant doe ta in trijegemeentepunt yn it plak It Hearrenfean, wat al lange tiid in obstakel foar de pleatslike ûntjouwing wie. thumb|left|280px|Topografyske kaart gemeente It Hearrenfean

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 ferlear It Hearrenfean it doarp Nijbrêge oan 'e nije gemeente Skarsterlân. Yn 2014 fûn der op 'e nij in gemeentlike weryndieling plak. Op 1 jannewaris fan dat jier waard de (âlde) gemeente It Hearrenfean wetlik sjoen opheft, wylst dêr mei-iens in nije gemeente It Hearrenfean foar yn 't plak kaam. De nije gemeente kombinearre it grûngebiet fan 'e âlde gemeente mei de doarpen Nijbrêge en Haskerdiken fan it ophefte Skarsterlân en de doarpen Akkrum, Aldeboarn en Nes fan it krektlyk ophefte Boarnsterhim. Dêrmei waard it grûngebiet útwreide fan 140,2 km² nei 187,76 km².

Plakken It haadplak fan de gemeente is It Hearrenfean, en de oare plakken yn de gemeente binne: Akkrum, Aldeboarn, Aldhoarne, Aldskoat, Bontebok, Gersleat, Haskerdiken, Hoarnstersweach, Jobbegea, Ketlik, De Knipe, Lúnbert, Nes, Mildaam, Nijbrêge, Nijhoarne, Nijskoat, It Oranjewâld, Terbant en Tsjalbert.

Gemeentehûs Yn 1934 waard Oenemastate gemeentehûs fan It Hearrenfean en yn 1952 waard dit Crackstate. Yn de 1990-er jierren folge nijbou, dat ferbûn waard mei Crackstate. Yn 2007 is it gemeentehûs ferboud.

Omskriuwing It flek Hearrenfean is yn 1551 ûntstien op it plak dêr't de Skoatterlânske Kompanjonsfeart krúst waard troch de wei nei Oerisel, de wei fan Ljouwert nei Swol. It is woeksen troch it belang fan de feanwinning. Mar hjoed de dei is it faaks it meast ferneamd troch iisstadion Thialf en SK It Hearrenfean mei it Abe Lenstra stadion, dat diel útmakket fan Sportstêd It Hearrenfean.

Taal Yn de gemeente It Hearrenfean wurdt benammen Frysk sprutsen. Fan âlds út waard der yn it eastlike part fan de gemeente, yn de doarpen Hoarnstersweach en Jobbegea ek Stellingwerfsk sprutsen. Mar hjoed de dei hat noch mar 2% fan de befolking it Stellingwersk as memmetaal. Dêrnjonken hat 53% it Frysk as memmetaal en 38% it Nederlânsk. Stedsk wurdt troch 4% fan de minsken sprutsen wylst 3% fan de ynwenners in útlânske taal as memmetaal hat. (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 248 ISBN 9789001779047

Befolking 1951 1961 1990 1995 2000 2001 2002 2003 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010 2011 24.20525.89337.92939.25640.44341.77740.44342.19042.65342.84642.75742.77542.86743.33143.41943.448 List fan eareboargers Tjeerd van der Zwan, boargemaster (2023) Sanne Wevers, turnster Sanne Wevers benoemd tot ereburger Heerenveen, LC, 28 augustus 2016 (2016) Jarko Nieweg, Thialf-direkteur Thialf-baas nu ereburger Heerenveen, LC, 22 maart 2012 (2012) Epke Zonderland, turner Epke benoemd tot ereburger Heerenveen, LC, 16 augustus 2012 (2012) Peter de Jonge, boargemaster Peter de Jonge ereburger Heerenveen, LC, 31 maart 2011 (2011) Thom Mercuur, oprjochter Museum Belvedêre (2010) Riemer van der Velde, foarsitter fan SC Heerenveen Riemer en Annie van der Velde Koninklijk onderscheiden, www.blikopnieuws.nl (2006) Foppe de Haan, fuotbaltrainer (2004) Jeen van den Berg, reedrider Henk Hofstra, boargemaster Oud-wethouder en burgemeester Henk Hofstra overleden, LC, 19 oktober 1993 Louis le Roy, ekolooch Hendrik Huisman, boargemaster Abe Lenstra, fuotballer (1951)

Wapens en flaggen

Wapens

Flaggen De plaken Aldhoarne, De Knipe, Haskerdiken, Hoarnstersweach, Jobbegea, Ketlik, Nijbrêge en Nijhoarne ha gjin wapen. De plakken Gersleat, Haskerdiken, It Hearrenfean, Ketlik, Lúnbert, Nijbrêge, Nijhoarne, Nijskoat, Terbant en Tsjalbert ha gjin flagge.

Polityk De gemeenteried fan It Hearrenfean bestiet út 31 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018: partijferkiezings 2018Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27. ferkiezings 2022Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27.% sitten%sitten PvdA 18,4 6 19,7 7 VVD 14,5 5 12,0 4 CDA 13,8 5 9,5 3 FNP 10,2 3 10,7 3 GrienLinks 9,7 3 9,5 3 GB It Hearrenfean 9,7 3 7,0 2 D66 8,2 2 8,1 3 SP 6,3 2 7,0 2 KristenUny 5,4 1 4,2 1 It Hearrenfean Lokaal 0 0 10,5 3 oare partijen 3,80 1,7 0 ûnjildich & blanko 0,6 0,3 opkomst/totaal sitten 53,1% 31 55,5% 31

Sjoch ek Fryske doarpen Fryske gemeenten List fan boargemasters fan It Hearrenfean

Kategory:Gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2014 Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2014