right|thumb|250px|Lissabon oan de Taach Lissabon (Lisboa yn it Portegeesk) is de haadstêd fan Portugal. It is ek de grutste stêd fan it lân, mei de stêdekloft om de stêd hinne wenje der krapoan 3.000.000 minsken. De stêd leit op de rjochterouwer fan de Taach, tichtby de Atlantyske Oseaan, yn de omkriten Estremadura.
Yn Lissabon hat de Portugeeske regearing en talleaze oerheden harren sit, en mei seis universiteiten en de Akademy foar Wittenskip is de stêd it politike en kulturele sintrum fan it lân. De stêd beskikt ek oer in wichtige seehaven. Lissabon is ek de sit fan in oantal ynstellings fan de Jeropeeske Uny.
Namme Der binne ferskate teoryen oer it ûntstean fan de namme. De Goaten en Romeinen neamden de stêd Olissipona of Olisibona.Johann Jakob Egli: Nomina geographica – Sprach- und Sacherklärung von 42000 geographischen Namen aller Erdräume, side 544, Georg Olms Verlag, 1973, ISBN 3-487-04571-0.
Yn Aldfryske teksten is de namme Vvlixibama (Wliksybama) werom te finen.Buma 1996, 267, 486.Aspects of Old Frisian Philology, Geart van der Meer, side 70
Skiednis Neffens de leginde soe de stêd stiften wêze troch de Grykske held Odysseus op syn lange weromreis nei hûs ta. Yn wurklikheid ûntstie om 1200 f.Kr. op it plak fan it tsjintwurdige Lissabon in Fenisyske hannelspost dat op de ein fan de 3e iuw f.Kr. yn Romeinske hannen kaam. Nei de Romeinske tiid rekke de stêd yn ferfal en pas nei de oermastering fan it Iberyske skiereilân troch de Moaren nei 711 bloeide de stêd wer op en waard op 'e nij in wichtich hannelssintrum. Afonso Henriques dy't himsels yn 1139 as earste kening fan Portegal útroppen hie, ferovere Lissabon in 1147.
Op 1 novimber 1755 waard de stêd troffen troch in swiere ierdskodding. Neffens de boarnen foelen der wol 15.000 deaden. De stêd moast op 'e nij opboud wurde. Ek de 20e-iuwske diktator António de Oliveira Salazar modernisearre de stêd. Yn 1998 waard yn Lissabon de Ekspo holden.
Bestjoerlike yndieling thumb|250px|Bestjoerlike yndieling Lissabon bestiet út 53 freguesia: Ajuda, Alcântara, Alto do Pina, Alvalade, Ameixoeira (Funchal), Anjos, Beato, Benfica, Campo Grande, Campolide, Carnide, Castelo, Charneca, Coração de Jesus, Encarnação, Graça, Lapa, Lumiar, Madalena, Mártires, Marvila, Mercês, Nossa Senhora de Fátima, Pena, Penha de França, Prazeres, Sacramento, Santa Catarina, Santa Engrácia, Santa Isabel, Santa Justa, Santa Maria de Belém, Santa Maria dos Olivais, Santiago, Santo Condestável, Santo Estêvão, Santos-o-Velho, São Cristóvão e São Lourenço, São Domingos de Benfica, São Francisco Xavier, São João, São João de Brito, São João de Deus, São Jorge de Arroios, São José, São Mamede, São Miguel, São Nicolau, São Paulo, São Sebastião da Pedreira, São Vicente de Fora, Sé en Socorro.
Demografy It fierwei grutste part fan de befolking fan Lissabon komt út Portugal; der wenje lykwols ek in soad bûtenlanners: Kaapverdianen, Brazilianen, Ynjers, Angolezen en Russen. De kontrei om Lissabon is ien fan de fluchstgroeiende steedlike kriten fan Europa en neffens de Feriene Naasjes soene dêr yn 2050 wol 4.5 miljoen minsken wenje kinne.
Ynwennertal fan Lissabon (1801–2004) 1801 1849 1900 1930 1960 1981 1991 2001 2004 2011 203.999 174.668 350.919 591.939 801.155 807.937 663.394 564.657 529.485 547.631
Kategory:Plak yn Portegal Kategory:Haadstêd yn Jeropa