Saab JAS39 Gripen 275px|Saab JAS-39 Gripen Fabrikant Saab Untwerper Industrigruppen JAS, FMV Earste flecht 9 desimber 1988 Yn tsjinst 1 novimber 1997 oant no Tal makke Sa'n 300 (1987–2023) Grutste brûkers Sweden 1996-noSúd-Afrika 1999-noHongarije 2001-noTsjechië 2004-noTailân 2007-no

De Saab JAS 39 Gripen is in Sweedsk meardoelfjochtfleanmasine en de opfolger fan de Saab 37 Viggen.

De prototipen fleagen fan 1988 ôf en de hjoeddeiske ferzje – JAS 39C/D – wurdt sûnt 2005 troch de Sweedske loftmacht (Flygvapnet) brûkt. De loftmachten fan Tsjechje, Hongarije, Súd-Afrika en Tailân hawwe ek Saab Gripen.

De Sweedske Loftmacht easke dat de nije fleanmasine opstrike en delkomme koe op in lâningsbaan net langer as 800 m.

Farianten JAS 39A De fjochtferzje dy't yn 1996 yntrodusearre waard yn de Sweedske Loftmacht. 31 sille modifisearre en fernijd wurde ta de C/D standert. JAS 39B Twa-sit ferzje fan de A fariant. JAS 39C Ferzje dy't oan de NAFO standert foldocht. JAS 39D Twa-sit ferzje fan de C fariant. Gripen E/F Takomstferzje.

Ungemakken

Der hawwe oant jannewaris 2017 ta tsien ûngemakken west mei de Saab Gripen. Nei de earste twa ûngemakken (1989 en by in fleanshow yn Stockholm yn 1993) soe de fleanmasine neffens de pars net feilich genôch wêze. By alle tsien ûngemakken hat ien piloat it libben ferlern.

Spesifikaasjes (JAS 39 Gripen) thumb|Nozzle fan de Gripenmotor Bemanning: 1 (2 yn JAS 39B/D) Lingte: 14.1 m Spanwiidte: 8.4 m Hichte: 4.5 m Oerflak lift: 30.0 m² Gewicht leech: 5.700 kg Gewicht laden: 8.500 kg Maks. gewicht om fan 'e grûn te kommen: 14.000 kg Lingte (twa-sitter): 14.8 m Motor: 1 Volvo Aero RM12 Type motor: turbofan mei neiferbaarnder Driuwkrêft: 54 kN Driuwkrêft mei neiferbaarnder: 80.5 kN Heechste faasje: 2.470 km/o Aksjeradius: 800 km Maks. fleanberik: 3.200 km Plafond: 15.240 m Belesting: 336 kg/m² Bewapening 1× Mauser BK-27 revolverkanon mei 120 patroanen Raketten en bommen 6× Rb.74 (AIM-9) of Rb 98 (IRIS-T) 4× Rb.99 (AIM-120) of MICA 4× Rb.71 (Skyflash) of Meteor 4× Rb.75 2× KEPD.350 4× GBU-12 Paveway II troch laser stjoerde bom 4× rakethâlders mei 13.5 sm raketten 2× Rbs.15F Anti-skipraket 2× Bk.90 cluster bom 8× Mark 82 bommen 1× ALQ-TLS ECM hâlder 1x Digital Joint Reconnaissance Pod

Keppeling om utens Hiemside Saab

Kategory:Sweedske jachtfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1988