thumb|Prins Bernhard mei de Anjer op thumb|right|200px|Karel van der Hucht hat de sulveren Anjer krigen yn 2003 De “Sulveren Anjer“ is in ûnderskieding dy’t jierliks útrikt wurdt oan persoanen fan ûnbesprutsen heitelânsk gedrach, dy’t in fertsjinste hân hat foar de Nederlânske kultuer of dy fan de Nederlânske Antillen.

Skiednis Op 29 juny 1940, de earste jierdei fan S.K.H Prins Bernhard fan de Nederlannen yn besettingstiid, waard protestearre tsjin de Dútske besetting. It protest utere him yn it dragen fan in anjer yn it knoopsgat. Dizze dei soe letter ferneamd wurde as de ‘Anjerdei’. Tsien jier letter beslueten de regint en it bestjoer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns om in ûnderskieding yn te stellen as blyk fan wurdearring foar persoanen fan ûnbesprutsen heitelânsk gedrach en dy’t har belangeleas ynsetten hawwe foar de Nederlânske kultuer of dy fan de Nederlânske Antillen.

De ûnderskieding waard elts jier om de jierdei fan de Prins hinne, troch himsels oan maksimaal fiif persoanen útrikt. Nei syn dea hat Keninginne Beatrix dizze taak fan har heit oernaam.

Oarkunde By de ûnderskieding heart in oarkunde dy’t ûndertekene wurdt troch de foarsitter fan it fûns en de sekretaris fan de Sulveren Anjer. Op de oarkunde stiet it beslút, de redenen om it te jaan. De finansjele grûnslach foar de Sulveren Anjer waard foarme troch it legaat fan de geheim agint Thijs Taconis, dy’t yn septimber 1944 yn Mauthausen deasketten waard. Thijs Taconis wurdt yn de oarkunde memorearre mei de wurden Quae Thijs Taconis - mortuus pro patria anno MCMXLIV legavit pro fundamento sunt (dit betsjut: wat Thijs Taconis, ferstoarn foar it heitelân yn 1944 neilitten hat, foarmet de grûnslach).

Medalje Earste type (1950-1954) De earste foarm wie in klokfoarmige sulveren medalje. Op de foarside stie in Anjer ôfbyld, mei op de stâle in B fan Bernhard. Lâns dit tafriel yn in útsparre râne, oan wjersiden stippellinen. Lâns de ûnderside rûn in lint mei dêrop de tekst Tua res agitur ('It giet om jo saak'). De medalje wie mei it lint ferbûn troch in keninklike troan.

It lint wie giel mei oan wjersiden in smelle reade baan. Giel en read binne de kleuren fan it Hús Lippe.

Twadde type (1954-hjoeddei) Dit is in sulveren medalje yn de foarm fan in reade emalje heraldyske roas. De roas is dy fan it wapen fan it hús fan Lippe. Op de foarside is in kroande stilearre anjer ôfbyld, dêr't de B fan Bernhard ûnder stiet. It omskrift is Tua res agitur (It giet om Jo saak). De kearside is flak. Fan dit type binne ek miniatueren bekend. Dy wike of fan it model krús. De foarside fertoant in B wêrboppe in stilearre anjer stiet. It lint is oranje mei oan wjersiden in smelle reade baan. Oranje stiet foar it hús fan Oranje en read foar it hús fan Lippe.

Laureaten 1950-1959 1950 Dr. J.H. van Heek (1873-1957) - natuerbeskerming, monumintesoarch; kocht it Huis Bergh P.J. de Kanter (1868-1953) - kulturele bân mei lânsgenoaten bûten de grinzen; rjochte de feriening 'Nederland in den vreemde' op A.J.Th. Thijssen - mei- inisjatyfnimmer Pasjespullen Tegelen, letter ek regisseur Jarich van der Wielen (1880-1950) - rjochte yn 1931 de earste folkshegeskoalle op, it Allardseach (flakby Bakkefean)

1951 Prof. dr. Ph. (Philip) Kohnstamm (1875-1951) - folksûnderwiis; û.m. oprjochter Nutsseminarium foar Pedagogyk en it Nederlânske gesprekssintrum K. ter Laan (1871-1963) – Fêstlizzen fan it steekeigene Grinslân ûnder oare it Nije Grinlanner Wurdboek “(1929) W.J.H. (Pim) Mulier (1865-1954) – ien fan de grûnlizzers fan de moderne sport yn Nederlân, rjochte ûnder oare de earste fuotbalklup yn Nederlân op.

1952 Mej. M.Chr. (Maria) Schouwenaars (1907-1995) – wie de inisjatyfnimster en grûnlizzer fan de opfiedingsformule fan it "Mater Amabilis"-ûnderwiis om ta te rieden fan de taken fan mem, húsfrou en echtgenoat, dêrneist hie se in oandiel yn it famkesfoarmingswurk ûnder de namme ‘De sinneblom”. Dr. Ernst Heldring (1871-1954) – Kultuerkonservearring; ûnder oare foarsitter Feriening Rembrandt H.H. Kiezebrink – kultuerkonservearring; stúdzje Walurgistsjerke en librije te Sutfen. E.P.C. van Vrijberghe de Coningh (pseudonym Cruys Voorbergh) (1898-1963) - Nederlânsk Kostúm Museum, hjoeddeis opgien yn Gemeentemuseum De Haach

1953 Isaäc de Bruijn (1873-1953) - ferriking museumbesit; û.o. wichtige skinkingen oan it Ryksmuseum Amsterdam, wêrûnder Rembrandts selsportret as de Paulus (apostel) Mr. Bastiaan de Gaay Fortman (1884-1961) – Skriuwer fan de skiednis fan de Nederlânske Antillen en Suriname. A.M.J. (Auguste) Grégoire (1888-1971) – dokumentaasjeûntwikkeling fan de fotografy; de Universiteitsbibleteek yn Leien hat in kolleksje fan 6000 foto's, troch Grégoire garre L.W. Linssen – keunstûnderwiis; spile in wichtige rol by de oprjochting fan Jan van Eyck Akademy yn Maastricht

1954 R.F.W. (Rudolf) Boskaljon (1887-1970) – muzyklibben op Kurasau; u.a. stifter en earste dirigint 'Earste en Twadde Kurasausk Filharmoanysk Orkest' Jhr. W.H. de Beaufort (1881-1976) - natuerbeskerming; oprjochter 'It Stichtse Lânskip' Dr. P.C. de Brouwer (1874-1961) - kulturele ûntwikkeling yn Noard-Brabân; ûnder oare oprjochter St.-Odulphuslyceum yn Tilburch, It earste katolike Lyseum fan Noard- Brabân. Prof. dr. G.A. van Poelje (1884-1976) - jeugdherberchwurk

1955 Ir. V.W. van Gogh (1890-1978) – Ynstânhâlding fan de kolleksje fan Vincent van Gogh Mr. K.P. van der Mandele (1880-1975) – ûnder mear belutsen by de opbou fan túndoarpen yn Rotterdam-Súd en Kralingen, museum Boijmans, Diergaarde Blijdorp en it kulturele werstel fan Rotterdam nei de Twadde Wrâldkriich. W.E.A. Scheelen – inisjatyfnimster en organisator fan it earste ynternasjonale muzykkonkoers yn Kerkrade. Pater G.W.M. Ahlbrinck (1885-1966) - taalkunde en etnology Suriname en Karabyn

1956 Mevr. J.E. (Betsy) Westendorp-Osieck (1880-1968) - ferriking museumbesit; ien fan de Amsterdamske Joffers Prof. Edgard Blanquaert (1894-1964) – Flaamsk-Nederlânske kulturele yntegraasje; brocht fan de jierren tweintich ôf de Reeks Nederlandse Dialektatlassen ta stân. L.D. Broekema (1911-1979) - hûsarts, wie fan 1946 oant 1979 driuwende krêft efter toanielferiening Diever en it Shakespeareteater mei jierlikse foarstellings. Frits Lugt (1884-1970) – ûnder mear oprjochter Institut Néerlandais, Parys; lei in kolleksje fan etsen oan fan Rembrandt

1957 Joh.M. Coffeng - katalogisearre de útwreide samlingen fan Toaniel museum Mr. S. Baron van Heemstra (1879-1960) - natuermonuminten; rjochte tegearre mei P.G. van Tienhoven 'It Geldersk Lânskip' op en wie foarsitter fan de Nederlânske Heidemaatskippij Prof. dr. J. van der Poel (1888-1982) – brocht de kolleksje fan it Nederlânske belestingsmuseum byien. It museum draacht hjoeddeisk syn namme. Mevr. A. Singer-Brugh (1872-?) – stifte de Singer Memorial Foundation mei in museum en in konsertseal.

1958 Mr. Chr.P. (Chris) van Eeghen (1880-1968) – kultuerkonservearring; û.m. oprjochter fan de 'Feriening Hendrick de Keyser' en foarsitter fan de 'Feriening Rembrandt' H.J. Calkoen - archeology; stifter fan de Archeologyske Wurkmienskip foar Westlik Nederlân P.T.A. Swillens (1890-1963) - keunsthistoarikus; skriuwde standert wurken oer û.m. Pieter Saenredam, Johannes Vermeer en Jacob van Campen J.H. Beaujon - kulturele libben op Arûba; û.m. foarsitter fan de Stifting Kultureel Sintrum Aruba

1959 Mej. I.M. van Dugteren (1892-1961) - fan 1918 oant 1959 lieding jûn oan de Rotterdamske Folksuniversiteit en oan it Bûn fan Nederlânske Folksuniversiteiten Prof. mr. dr. G. van den Bergh (1890-1966) - stjerrekunde, tiidrekkening, boekdruk; û.m. ûntwerper Euroklok en twillingdruk Mr. A. Staring – kultuerkonservearring; û.o. direkteur fan de Nederlânske Kastielestifting

1960-1969

1960 D.J. (Doederus) Kamminga (1884-1977) - gewestlik kultureel libben yn Fryslân; joech lieding oan de Âldheidkeamer yn Dokkum, wie foarsitter fan de federaasje fan Aldheidskeamers yn Fryslân. W.A.F. (Walter) Maas (1909-1992) – hjoeddeiske muzyk; oprjochter Stifting Gaudeamus J.G. (Jobs) Wertheim (1898-1977) – inisjatyfnimmer en oprjochter fan Iepenbier Keunstbesit

1961 Mevr. M. (May) Henriquez-Alvarez Correa - kulturele aktiviteiten op Kurasau E.R. (Eddy) Wessels - kulturele aktiviteiten yn Suriname; ûnder oare oprjochter en dirigint fan het Surinaamske filharmonysk Orkest (1930-1970) Prof. mr. A. (Anne) Anema (1872-1966) – Kultuerfilosoof; fierders ûnder oare haadredakteur fan De Standaard (1932-1937) en mei-oprjochter fan Stemmen des Tijds (1911) Piet van Beveren (1894-1970) - geology en archeology yn Seelân; âld-stedsargivaris yn Sieriksee

1962 Pater P. Drabbel M.S.C. - taalkunde en etnology Nij-Guinea Dr. E.A.M. van Haegendoren - kultureel kontakt Nederlân-Belgje Mr. G.P. van Tienhoven - muzyklibben Utert

1963 J.B.C.M. van de Mortel - gildewêzen Noard-Brabân; wie ûnder mear lid fan de Illustre Lieve Vrouwe Broederschap yn De Bosk Mr. W. (Willem) van Elden – ûnder mear oersettingen Shakespeare, Carmina Burana H.G.P. (Hendrik) Kleijn en G.D. Swanenburg de Veye - biology, natuerfotografy; fersoargen ûnder mear publikaasjes oer poddestuollen.

1964 Prof. dr. A.D. Fokker (1887-1972) - muzyk; ûntwurp in oargel om yn it 31-toanssysteem spylje te kinnen Jhr. mr. M. van der Goes van Naters (1900-2005) - natuerbeskerming; wie ien fan de earste yn de polityk dy’t him ynsette foar behâld fan it miljeu M.B.B. Nijkerk (1894-1987) - ferriking museumbesit; brocht in kolleksje bibliofile útjeftes út de 20e iuw byelkoar, no yn it Stêdlik Museum Amsterdam; sette tegearre mei Jan Greshoff en A.A.M. Stols de bibliofile rige Ursa Minor op

1965 A.P.M. Lafeber (1893-1972) - dialektology (ûnder oare standertwurk oer it Goudske dialekt) Jhr. F.J.E. van Lennep (1890-1980) - kronikeur; kultuerkonservearring; skreau boeken en artikels oer it Amsterdamske patrisiaat yn de 19e iuw; wie bestjoerslid fan de 'Feriening ta it foarmjen fan in iepenbiere samling fan hjoeddeiske keunst (Steedlik Museum Amsterdam) C.J.W. van Waning (1901-1989) – kultuerkonservearring; wie ien fan de inisjatyfnimmers fan de oprjochting fan de Stifting stamboek rûne- en platboaiemjachten.

1966 Mevr. I.M. Fennema-Zboray (1914-2001) - bernelektuer; rjochte yn 1954 it jeugdtydskrift Kris-Kras op J.A.F. (Hans) de Rijk, Broeder Erich (skriuwend ûnder de namme Bruno Ernst) (1926) - folksûntwikkeling; wie ûnder mear mei-oprjochter fan de Folksstjerrewacht 'Simon Stevin' yn Hoeven en fan it wiskundetydskrift foar jongerein Pythagoras Mr. Romke de Waard (1919-2003) – kultuerkonservearring; ûnder mear oprjochter fan it Museum fan boartersklok oant Pierement in Utert, earste foarsitter fan de Nederlânske Klokkespul-Ferieniging

1967 Meint Wiegersma (1888-1984) - folksûntwikkeling en natuerbeskerming yn Fryslân; ûnder mear mei-oprjochter en earste foarsitter fan It Fryske Gea, mei-auteur fan de Ensyklopedy fan Fryslân (1958) Mr. A.A.J. Rijksen – ûnder mear foarsitter fan it fûns Goudske Glêzen, auteur fan it standertwurk Bespegelt yn tsjerkeglês '' (1947) G.J.G. (Gustav) Leonhardt (1928) - muzyklibben, de liedende klavesimbelist fan syn generaasje.

1968 B.W. Siemens – ûnder mear auteur fan de Histoaryske atlas fan de provinsje Grins (1962) A. Bicker Caarten (1902-1990) - molebehâld, folkskunde; skreau in soad boeken oer moles F.H.M. Karner - monuminten Kurasau; wie foarsitter fan de keamer fan hannel yn Kurasau.

1969 Juffer B.M. (Bep) Bijtelaar (1898-1978) – bouskiednis fan Amsterdamske tsjerken; ûnder mear argivaris fan de ‘Stifting De âlde tsjerke te Amsterdam’, makke mei G.J. den Boggende in ynventarisaasje fan de grêven yn de Alde Tsjerke te Amsterdam Dr. D.A. Wumkes (1904-?) - kulturele aktiviteiten yn súdeast-Drinte Alexander Orlow - lei de Peter Stuyvesant Kolleksje (no de BATartventure Kolleksje oan.

1970-1979 1970