De Balkendsterpoldermûne is in poldermûne en ryksmonumint súdeast fan it doarp Alde Leie yn de gemeente Ljouwert.

It is in mealreeë achtkante, reiddutsen muonts op stiennen fjildmuorren mei in flecht fan 12,64 meter en wjukken mei âldhollânsk hekwurk.

De Balkendsterpoldermûne stiet oan de Feinsumer Feart en waard yn 1844 boud foar it bemeallen fan de polder Balkend. Hy koe yn it earstoan yn- én útmealle. De mûne waard yn 1988 eigendom fan de Stifting De Fryske Mole.

Yn 2006 wiisde it Wetterskip Fryslân de Balkendsterpoldermûne oan as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

Keppeling om utens De mûne op de doarpsside fan Alde Leie Moledatabank: Alde leie, De Balkeinsterpoldermole De Hollandsche Molen: De Balkeinsterpoldermole yn Alde Leie

Kategory:Alde Leie Kategory:Mole yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1844 Kategory:Mole yn Ljouwerteradiel Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwerteradiel