De Beintemapoldermûne is in poldermûne by de buorskip Beintemahûs, likernôch 2,5 km noardlik fan it doarp Westergeast yn de gemeente Noardeast-Fryslân .

Skiednis De Beintemapoldermûne waard yn 1870 boud foar it bemeallen fan de Beintemapolder, dêr't it measte lân eigendom wie fan in geslacht mei deselde namme. De mûne dy't dy polder earder bemealde baarnde yn 1869 ôf. De eigeners fan de polder waarden it net iens oer de lokaasje fan in nije mûne, wêrnei't se besleaten om op trije ferskillende plakken yn de polder nije mûnen te bouwen. De Beintemapoldermûne wie de meast westlike dêrfan en is de ienige fan dy trije mûnen dy't oerbleaun is.

De mûne ferlear syn funksje yn 1950 oan in yn dat jier boud elektrysk gemaal. Yn it earstoan soe de Beintemapoldermûne doe sloopt wurde, mar dit waard ferbean. In fersyk om ûntheffing fan dat sloopferbod yn 1963 waard net honorearre. By in restauraasje yn 1968 waard de houten beklaaiïng fan de mûne ferfongen troch reid. Yn 1980 waard de Beintemapoldermûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him yn 1988 opnij restaurearje liet. De mûne is noch altyd mealree, mar allinnich yn sirkwy.

Beskriuwing De Beintemapoldermûne is in houten, achtkante muonts mei stiennen fjildmuorren en dekt mei reid. De wjukken binne Aldhollânsk ophekt en hawwe in flecht fan 14,16 meter.

Keppeling om utens Molendatabank - 'Westergeest, De Beintemapoldermûne' De Hollandsche Molen - 'De Beintemapoldermûne yn Westergeest'

Kategory:Westergeast Kategory:Mole yn Noardeast-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Poldermole Kategory:Muonts (mole) Kategory:Bouwurk út 1870 Kategory:Mole yn Kollumerlân Kategory:Ryksmonumint yn Kollumerlân