De Himpenserpoldermûne is in poldermûne oan de Mardyk yn it doarpsgebiet fan Wergea yn de gemeente Ljouwert. It is in houten, reiddutsen achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren. Mei in flecht fan 24 meter is de mûne de grutste muonts fan Fryslân.

Skiednis De Himpenserpoldermûne is in mealreeë muonts, dy't eartiids selsswichting hie. Hy waard yn 1863 boud foar it bemeallen fan de yn 1784 drûchleine Himpensermar. Yn 1955 ferlear de mûne syn funksje, wêrnei't it polderbestjoer de mûne "op ôfbraak" te keap oanbea. Om't dat yn striid wie mei de mûneferoardering, krige it dêrfoar lykwols gjin tastimming fan de provinsje. Deputearre Steaten advisearren de gemeente de mûne oer te nimmen. Dat barde yn 1959, doe't de mûne foar twa gûne oan de gemeente ferkoft waard, op betingst dat de yn 1953 foar de oandriuwing fan de fizel yn de mûne setten diselmotor net derwei helle wurde soe.

Yn 1985 baarnde de moolnerswente njonken de mûne ôf. In jier letter waard de diselmotor ferfongen troch in elektromotor, dêr't sûnttiid kombinearre mei meald wurde kin.

Sûnt 2010 is Monumintestifting Boarnsterhim eigner fan de mûne. De Himpensermûne is regelmjittich yn gebrûk en kin dan besichtige wurde.Side fan it doarp Wergea

Keppeling om utens Side Himpensermarpolder Skiednis Himpensermar op de side fan Wergea Moledatabank - Wergea, De Himpenserpoldermûne De Hollandsche Molen - De Himpenserpoldermûne yn Wergea

Kategory:Wergea Kategory:Mole yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1863 Kategory:Mole yn Boarnsterhim Kategory:Ryksmonumint yn Boarnsterhim