De Bonne Brekken is in poldermole by it doarp Nijetrine yn de gemeente Weststellingwerf.

De tsjasker, boud yn 1976, waard oant 2001 brûkt foar de bemealling fan it natoergebiet de Bonne Brekken by it doarp Wikel. Neidat dat de boktsjasker by in stoarm slim tehavene rekke, waarden de resten derfan opslein. Begjin 2007 waard de mole werboud yn it natuergebiet de Rottige Meente, dêr't er no wetter tusken twa trekgaten pompt. Op 12 maaie 2007 - Nasjonale Mole- en Gemaledei - waard de tsjasker offisjeel wer yn gebrûk nomd.

Yn 'e winter fan 2013 waard it mûntsje renovearre en ein 2014 krige it syn âlde namme De Bonne Brekken werom.

De tsjasker wie yn 2023 al yn in minne steat en net mear draaifeardich.

Sjoch ek Mole yn Fryslân

Keppeling om utens Moledatabank - Tsjasker Nijetrine De Hollandsche Molen - Boktsjasker fan de Bonne Brekken yn Nijetrine

Kategory:Nijetrine Kategory:Mole yn Weststellingwerf Kategory:Poldermole Kategory:Tsjasker Kategory:Bouwurk út 1976 Kategory:Bouwurk sloopt yn 2001 Kategory:Bouwurk út 2007