Teatlum, ek Dowehok neamd, is in poldermole en ryksmonumint út 1800 besuden it doarp Tsjom yn de gemeente Waadhoeke.

Skiednis De spinnekopmole Teatlum bemealle eartiids de 'Kramershoeke', in partikuliere polder fan ûngefear 68 ha dy't ek wol 'Dowehok' of 'Dowedak' neamd waard.

thumb|left|250px|De Dowehok mei stoarmskea yn 1973 Om 1960/1961 krige de mole in foarsjenning wêrmei't hy ek middels trekker-oandriuwing mealle koe. De mole ferlear by in stoarm op 2 april 1973 syn wjukkekrús en boppe-as. Teatlum, dy't eigendom is fan de Stifting Monuminten Waadhoeke, waard yn 1986 restaurearre. De mole is tsjintwurdich mealree yn sirkwy.

By Tsjom stiet noch in twadde spinnekopmole, Fâltum.

Keppeling om utens Moledatabank - 'Tzum, Teatlum/Dowehok' De Hollandsche Molen - 'Teatlum of Dowehok yn Tsjom'

Kategory:Tsjom Kategory:Mole yn De Waadhoeke Kategory:Ryksmonumint yn De Waadhoeke Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1800 Kategory:Mole yn Frjentsjerteradiel Kategory:Ryksmonumint yn Frjentsjerteradiel